Treastpriis
Freark is út Amearika wei in hoartsje útfanhûs by syn omke Wytse, in sakeman-sûnder-mear. Foardat dy troude mei Marchje, hie hja ferkearing mei Freark. Mei Wytse te trouwen joech har mear fêstichheid. Sy is jonger as har man en yn 't houlik, dat sûnder bern bleaun is, is se net botte gelokkich. En no't Freark wer om har hinne is. Hy is in sjarmeur. Aleid is dêr ek útfanhûs. Hja hat wat romantysks en dweperichs oer har en se soe wol graach mei Freark nei syn farm omfierrens wolle. Freark wol ien en oar earst mei de gek beslaan, mar wurdt dêr hast mei ferlegen. De boel rekket wat oeral yn de húshâlding dat dan nimt er it earnstiger op en besiket om it spul wer yn oarder te krijen. Foarsafier 't se kin, helpt Durkje him dêrby. Aldergeloks is dy net sa slij as de beide oare froulju. En dochs... Ut en troch dus in earnstige ynslach, mar om't alles sa goed ôfrint, mei it in blijspul hjitte.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | RIEDEMA RSN., J.A. |
Titel: | Treastpriis |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Veen, Barend van der (ps.) |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1999-02-20 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |