Tsjonge, wat in snein

It stik spilet him ôf op in sneintemiddei op in bûten fan de Massenets earne yn Fryslân. Edward Hayes en syn frou Cordelia Massenet binne, sa 't wol faker giet, útelkoar groeid. Edward is altyd tige drok beset as bistedokter en Cordelia hinget de diva út. Harren soan Tjalf is as ienling opgroeid en hat sa syn eigen problemen. Hy is yn de grûn bedoarn troch syn mem en hy wit net hoe't er mei syn gefoelens oan moat. Op 'e jierdei fan Tjalf komt der in bûnt selskip delsetten. De maitresse fan Edward, om yn de kunde te kommen mei Edward syn frou, hja komt net op sa'n gaadlike dei. Dan komme mem en dochter Hartstra, troch Cordelia útnoege yn it kader fan goede wurken. Se binne troch de gemeente út harren hûs setten. Der is ek noch in suster fan Cordelia yn 'e hûs, dy 't wolris wat trochslacht. De húsfeint besiket de toutsjes by elkoar te binen, mar dat slagget net altyd. Ek mei persoansferwikselingen soargje dizze minsken dat de jierdei fan Tjalf in bysûndere jierdei wurdt en kin mei rjocht en reden sein wurde: "Tsjonge, wat in snein!".

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SALISBURY, Frank
Titel: Tsjonge, wat in snein
Skreaun yn: 1983
Utjoen yn: 2004
Te keap: 1
Oersetter: Hof, A.G.
Oarspr. Titel: The ice cream sunday
Ynfierdatum: 2004-12-31
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3