Tûkelteammen
Ferpleechkundige Nynke hat tsjin't sin fan har mem in flatsje hierd yn'e stêd. Sy wennet dêr njonken in pear studinten en in jong troud pear. Fansels besykje de jonges Nynke te fersieren, sy ha der sels in weddenskip oer ôfsluten: foar wa sil Nynke it earst troch de bocht gean? Buorfrou hâldt ek wol fan aksje en docht yn'e mande mei. Wylde tafrielen spylje him ôf en it kin fansels net misse, dat Nynke har mem dit te hearren kriget. Dan komme de tûkelteammen, want mem wol by har yn'e buert wenje om tafersjoch hâlde te kinnen. Om dy bui te kearen wurde Jan en alleman ynskeakele, sels omke Douwe. Dy lêste wurdt Nynke har rêding, omdat er it oan leit mei mem, en net yn'e stêd wenje wol!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WAL, Albert van der |
Titel: | Tûkelteammen |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-27 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |