Tuskenoere

In learlinge sit tidens in tuskenoere allinne yn in hoekje fan de kantine; se hat dúdlik in probleem. Oare learlingen hawwe troch dat der wat mei har oan 'e hân is en besykje der achter te kommen wat har dwars sit. Nei in skoftsje lit se wat los: it docht bliken dat ien fan de dosinten net fan har ôfbliuwe kin... It stikje is in momintopname; it hat gjin rinnende hanneling en ek gjin dúdlik slot. It jout wol in goede sfeartekening en de dialooch is libben; it ûnderwerp is (spitigernôch) aktueel.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BOOMSMA, Joop
Titel: Tuskenoere
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-04-10
Dekor: In kantine fan in skoalle
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4