Twa is tefolle

Jansen & Janzen meie der graach oer dat harren saakjes op oarder binne. Harren âlde hûs is kreas ynrjochte, se binne tige kreas yn de klean en in ôfspraak sille se noait misse. De beide manlju binne kollega’s en hertsfreonen. Se wenje yn itselde appartemint, twa wenningen ûnder ien dak, de tuskenmuorren binne der út, mar de foardoarren binne der beide noch wol. Se meie graach byelkoar wêze, mar dat giet de bûtenwacht neat oan. Se hâlde fan rêst en regelmaat. Ferrassingen, dêr hâlde se net fan. Op de dei dat in libbensgefaarlike ynbrekker út de finzenis ûntsnapt, driget harren kalme libbentsje lykwols yn ‘t hûndert te rinnen. De beide manlju krije harren famkes oer de flier, mar ek de memmen fan Jansen & Janzen komme del. De beide manlju binne bang dat de memmen lilk wêze sille, want se ha fan famke ruile. En dat fine de memmen grif net goed. De memmen ha it hûs finansiere ûnder betingst dat se mei harren oansteanden trouwe sille. De memmen hâlde noch minder fan ferrassingen as harren soannen. De manlju moatte der dus foar soargje dat de memmen neat yn ‘e gaten hawwe. Koartsein: Jansen & Janzen moatte harren ta it uterste ynspanne om harren libben yn de stringen te hâlden. En dat ûnder it tasjend each fan de nije butler, dy’t in ferrekt soad liket op de ûntsnapte ynbrekker.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PIJPERS, Hans
Titel: Twa is tefolle
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Twee is teveel
Ynfierdatum: 2011-04-26
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3