Twa kibje, twa skuld

In stik oer en foar it amateurtoaniel. As Hiddo Walkema ál tefolle yn it toaniel opgiet, sinnicht dat syn frou, Alian, mar min. Man en frou libje dan ek byelkoar lâns. As Alian telefoantsjes fan in ûnbekende oanbidder kriget, seit se dat om dy reden dan ek net tsjin har man. Dy hat it ek fierstente drok mei de jonge kreaze haadrolspylster. Alian har mem wol ha, dat Alian ek mei toanielspylje sil, dan kin se yn Hiddo syn hobby diele en kin alles wer yn 't rjochte spoar komme. De ûnbekende oanbidder wurdt bekend en wurdt n.b. lid fan Hiddo syn toanielselskip! No driget de situaasje pynlik te wurden! De stjerspylster fan it selskip wurde slieptabletten tapart, dan kin Alian in jûn har plak ynnimme om it sadwaande wer mei har man iens te wurden. De repetysjes wurde by Hiddo en Alian oan hûs hâlden, mar mei troch de eigen sinnen en nuveraardichheden fan de spilers, rint alles yn 't hûndert. By einsluten docht bliken dat Hiddo, earst as in grapke, letter út erchtinkendheid, de persoan wie dy't Alian anonym skille hat. Beide witte dan dat se tenei mear betrouwen yn elkoar ha moatte.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ELICH, Loek
Titel: Twa kibje, twa skuld
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1981
Te keap: 1
Oersetter: Westra, B. (bew.)
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1999-02-10
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3