Twa yoghurt en ien molke
Jan Heslinga sit op in útstjoerburo, dêr't ek Antsje, in kreas jongfaam, wurksum is. Jan is troud, mar mei Antsje hiel wol lije. Datselde jildt ek foar harren baas van der Veen. As van der Veen Jan ûntslach jout, is it de fraach oft it tebekrinnen fan it wurk wol echt de reden is foar dat ûntslach. Om dochs wat om hannen te hawwen smyt Jan him op 'e stúdzje, mar dêr ferslacht er yn. Dan jout er him alhiel oer oan in geheime stjoerder, dy't er oanskaft hat. Sa besiket er wat him oandien is te ferjitten. Dat hâldt wol yn dat er in hiel eigen wrâldsje opbout en stadichoan mear ferfrjemdet fan frou en bern. In stik mei in tragyske ûndergrûn, dat op in tige nijsgjirrige wize de komyske kant oer útarbeide is.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STIENSTRA, Bonne |
Titel: | Twa yoghurt en ien molke |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 1987 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-12-12 |
Dekor: | twa: kantoar en húskeamer |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 5 |