Twafertsjinners yn twastriid
Germ en syn freondinne/húsgenoate Lysbet ha beide in folsleine baan, mar al ha hja help, de húshâlding rint harren folslein oer de fûst. Omdat Lysbet finansjeel it measte ynbringt, beslute hja dat Germ syn baan der oan jaan sil en yn'e húshâlding stapt. Mei it itensieden kin er by need in berop dwaan op Anneke, in freondinne fan Lysbet. Dat lêste docht er op in stuit dat Lysbet foar de saak nei Amsterdam is en skillet dat se nachts net thús komme sil. Germ en Anneke nimme it derfan, stappe der út, wat ite, bioskoopke, en in noflik neipetear by him thús. Op oanstean fan Germ bliuwt Anneke dy nacht mar by him útfanhûs. As Lysbet ûnferwachts dochs noch thúskomt treft se dêr dy beide oan en dan is de kaart fansels ferjûn. Lysbet wurdt poerrazend en smyt de doar achter har ticht. Letter seit Lysbet yn te sjen dat se in falske fertinking hân hat en sadwaande komt alles wer op syn poatsjes telâne.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | METER, Gerrit |
Titel: | Twafertsjinners yn twastriid |
Skreaun yn: | 199? |
Utjoen yn: | 1993 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |