Under dak

Tema: 3 aktuele maatskiplike problemen, t.w. it omgûcheljen mei jild, it kreakjen fan leechsteande huzen; it saneamde 'hokjen'. Boer Jelmer Ingelsma syn dochter Geartsje kriget wat ferkearing mei Klaas. Hja mient dat syn suster by him ynwenne. Omdat hja meihelpt op 'e pleats, hat hja tolve tûzen gûne fan har heit tegoede. Mar heit jout har dêr in sjek foar en mei dyselde sjek lient hja Klaas dat bedrach en sa kin dy syn skuld oan Ingelsma ôfbetelje. Omdat Ingelsma slim syn eigen sjek by de bank fersulverje kin, lient hy keapman Roukema tolve tûzen gûne en sadwaande kin dy it jild fan de bank barre. Mar Bouke Roukema hat wat gedoente mei it jongfrommeske dat by Klaas ynwennet en omdat dy jongfaam mient dat hja de helte fan it hûs betelje moat oan Klaas (hja mient dat dy helte 12000 gûne is) lient Bouke har dat jild en sa kriget hja de sjek yn hannen. Klaas kriget de sjek fan har en mei dyselde sjek betellet er dat bedrach oan frou Douwinga, dy't dat brûke moat om har skuld oan Bouke Roukema lykmeitsje te kinnen. Nei wat strubbelingen tusken Klaas en Geartsje oer it ynwenjen by him fan in frommeske, dat syn suster net is, wurde hja it dochs iens en geane op houliksreis. Yn dy tiid wurdt harren húske kreake troch tsien jongelju. Jelly, dy't by Klaas ynwenne en by him blau krige, hat de aksje organisearre. De skilderijen yn it húske wol hja net earder weromjaan as dat Klaas har de 12000 gûne werom jûn hat. Wolno, noch in rûntsje mei in sjek en dan komt dat ek klear. It húske bliuwt lykwols beset, mar de jongelju kinne in gruttere keamer krije yn 'e foarein, dus dat is ek oplost. Hja tidigje derop dat troch de publikaasje fan de kreakaksje der in protte folk dy kant út komt en dat hja dêr faaks wol wat skilderijen oan kwyt kinne.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STELWAGEN, Tsjibbe
Titel: Under dak
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1982
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-02-10
Dekor: 2
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3