Unmeilydsum is de skientme of 06-relaasje
Jildert Mulder en syn buorman dominy Wanders ferkeare beide yn de situaasje dat de frou harren ferlitten hat en dat se it no net rjocht fine kinne. Elk hat syn eigen soargen en problemen en sadwaande hawwe se by frijwat drankgebrûk omgong mei elkoar. Boppedat hawwe se beide in 06-relaasje, dêr't se har wûndere fantasijen by oproppe. De filosofy fan dominy is dat it dêrby bliuwe moat, mar Jildert makket nei lang wifkjen in ôfspraak foar in moeting mei de 06-frou. Mar dat wurdt in slimme ofdijer, want hy giet te gast by in raar ûnsjoch frommes. As er op sprong stiet om nei hûs komt de echte 06-frou yn alle moaiens en oantreklikens foar it ljocht. As er dan ál wer bliuwe wol, wurdt him goed it leksum lêzen. It is syn relaasje no dúdlik wêrom as er der komt en dat de bûtekant belangriker foar him is as it wêzen fan de frou... Hie er de faaie foartekens mar better acht slein: de sturtklok dy't fan'e muorre foel doe't it oer de 06-frou te praat kaam en ek de kat, dy't dat ûnsjogge frommes beselskippe.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ABMA, Willem G. |
Titel: | Unmeilydsum is de skientme of 06-relaasje |
Skreaun yn: | 1992 |
Utjoen yn: | 1993 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-11 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |