Ut ‘e pas
It akkordearret net bot tusken Ir. Baars en syn wetterboukundige, Folkert Dykstra. De yngenieur syn fertsjinsten lizze meast op it mêd fan de froulju (dêrûnder ek Ank, in famke fan it kantoar) en hy mist folslein de ferantwurdlikheid dy't syn berop freget. Folkert is dêrfoaroer ien en al gevens en hy fielt him dreaun ta bealigjen by nacht en by dei, om skriklike bylden út 'e besettingstiid út syn tinzen te bannen. Hy wurdt ienselvich; idealisme wol er neat mear fan hearre nei wat it libben him leard hat; dat hy beslút om fuort te gean. Mar Ank, yntusken ûntmaskere troch de hannel en wannel fan har baas, wit him der fan te oertsjûgjen dat it desertearjen wêze soe. Hy bliuwt. En syn baas? Nei in mislearring fan in kerwei, út eigen ûnachtsumens, wachtet er syn degradaasje net ôf, mar rommet foartiid eigener beweging it paad.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DUBA, W. Chr. |
Titel: | Ut 'e pas |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-02-10 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 5 |