Ut

Tamme en Marchje sitte midden yn harren skieding. Tamme hat in aventoerke belibbe mei Djoeke, in famke dat in stik jonger is as him. Dêrom hat Marchje de skiedingspapieren oanfrege. Marchje is no dwaande yn har nije hûs. Gjalt, in putsjeman, helpt har dêrby. Sytske, in freondinne fan Marchje, hat al in ôfspraakje foar har regele mei in oare man. Dy oare man is Ruerd, hy komt del en as hy fuort giet nimt hy by fersin de skiedingspapieren mei. As Ruerd de papieren wer werombringt, rekket hy mei Tamme en Gjalt oan 'e tequilla. As Marchje yn 'e hûs komt binne de mannen allegear al aardich dronken. Gjalt, de helderste fan it stel, sil mei Marchje op bêd, yn alle gefallen, dat mient er. En dat tinkt Tamme ek as hy Gjalt de oare deis yn syn keamerjas rinnen sjocht. Uteinlik komt it allegear wer goed tusken Tamme en Marchje en wurde de skiedingspapieren ferskuord.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HALL, Nick
Titel: Ut
Skreaun yn: 1978
Utjoen yn: 2003
Te keap: 1
Oersetter: Krol, Sybe
Oarspr. Titel: Broken up
Ynfierdatum: 1999-04-13
Dekor: wenkeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3