Wa is de breid?

Sjoerd Rollema is in rike frijfeint, dêr't de froulju tige smucht op hawwe. Fan dat om him hinne draaien fan dy froulju, hat er skjin syn nocht en dêrom makket er in oerienkomst mei syn goed 20 jier âldere húshâldster, dat hja de wrâld kunde dwaan sille fan harren houlik, wat net wier is. Mocht ien fan beide syn mûle foarby prate, dan is dy de oare in heal miljoen gûne skuldich. Sjoerd rekket dat jild neffens himsels net kwyt, omdat er net trouwe wol en de húshâldster Hinke is fan miening dat de jongeman wolris in faam treffe sil dêr't er sin oan kriget en dan soe hja altyd de kâns hawwe om dy slompe jild yn 'e wacht te slepen. Rollema moat foar saken nei it bûtelân en as de dochter fan frou Tillema (de húshâldster) mei in freondinne thúskomt út Ingelân, dan witte hja it sa te regeljen, dat mem nei harren fakânsjehúske yn Ingelân giet en hja tegearre fakânsje hâlde kinne yn it hûs fan Rollema. Om alle oanrin en drokte dy't efter de publikaasje fan it houlik fan Rollema en har mem weikomt, te mijen sizze de beide froulju dat de dochter mei Rollema troud is, ynpleats fan de mem. Dat bringt kunde en frjemd yn twifel, mar net ien komt it krekte oan 'e weet. Dan komme der swierrichheden, mar mei help fan in freon en in kranteskriuwster komt alles yn 'e es en ta einbeslút reitsje Sjoerd èn syn freon beide oan de frou nei har sin.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STELWAGEN, Tsjibbe
Titel: Wa is de breid?
Skreaun yn: 197?
Utjoen yn: 1980
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-02-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3