Wa ’t de lears past
Oan 'e stamtafel fan kastleinske Richtsje, earne yn it wetterlân, wurdt drok praat oer in rige ynbraken dy't der de lêste wiken yn 'e kontreien foarfallen binne. It each falt geandewei mear op twa bekende figueren, foaral om 't noait ien der efter komme kin wêr't dy mannen altyd mar wer mei oan 'e kost komme. Aldergeloks binne der in pear nij-ynkommers, allebeide plysjeman yn 'e stêd, dy't it slagget om de saak op te rôljen en dan docht it bliken dat de skuldige net ien oars is as in fêste pensiongast fan Richtsje, dêr't oant no ta noait ien op komme sillen hie. En oan 'e ein fan it stik kriget Richtsje ien fan 'e beide plysjes ta man, en dan moat fansels dy syn kollega ek oan 'e frou holpen wurde, en dat wurdt dan har muoikesizzer, Froukje. Ienfâldich fan opset dit stik, mar fleurich en net botte swier om te spyljen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WOUDSTRA, Karst |
Titel: | Wa 't de lears past |
Skreaun yn: | 197? |
Utjoen yn: | 1976 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-02-10 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 7 |