Wachtsjend wetter
Hidma ferhuzet nei it bûthûs om tichtby syn siik hynder te wêzen. Hy is widner. Hy hat syn frou en dochter ferlern by in auto-ûngelok. Der binne trije froulju dy't tige goed op d'âld baas passe, allegear om in oare reden. Mar soan Auke, dy't jierren lyn -nei rûzje mei syn heit- emigreard is, spilet dêr wol yn mei. Hidma driget syn pleats kwyt te reitsjen oan in projektûntwikkelder. Lit dit no krekt de soan wêze fan de frachtweinsjofeur dy't syn frou en dochter dea riden hat. Buorman komt alle dagen oan en kriget in slokje; hy is it iens mei Hidma, mar as buorfrou heart hoefolle jild de projektûntwikkelder biedt, giet hy dochs omtrint oerstach. Feedokter Alys besiket Hidma safier te krijen dat er ynsjocht dat it hynder net wer better wurdt. Hidma moat in beslissing nimme, mar nei alle tsjinslach yn't libben fielt er him as wachtsjend wetter dat de stream net wer krije kin..Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HETTINGA, Ytsje |
Titel: | Wachtsjend wetter |
Skreaun yn: | 1998 |
Utjoen yn: | 1999 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2000-03-20 |
Dekor: | ien dekor, lyts bûthûs |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |