Wanda wasket wyt

Wanda is in jonge frou mei in rûzich ferline, se sit in straf út foar yllegale prostitúsje en hannel yn drugs. Se hat al twa kear earder ûnder betingsten frij west, mar dat is beide kearen mislearre. No krijt se, nei dat se 3 jier fêstsitten hat, de lêste kâns om sjen te litten dat it ek oars kin. De betingsten om definityf frij te kommen binne: in fêst wenadres en fêst wurk. Ek mei se gjin strafbere dingen dwaan. Wanda giet oan de slach by in muoike fan har, se kin dêr wenje en deis yn de waskerij wurkje. De waskerij is lykwols in fertutearze boel. It liket der sels op dat de waskerij noch foar de ein fan de moanne de doarren slute moat fanwegen achterstân mei it beteljen fan de hier, en dan soe se dus al oan ien fan de betingsten net mear foldwaan kinne. Nei in pear dagen stiet har âld poaier en -dealer al foar de doar, hy wol har graach werom ha. Dan komt der ek noch in freondinne fan har del, dy’t út de finzenis ûntsnapt is, dy siket en krijt ûnderdak by Wanda. Dit past fansels ek net yn de betingsten en it liket der dan ek op dat se yn de koarste kearen wer yn de bak sitte sil. Wanda is lykwols net ien dy’t by de pakken delsit en se is fêstberet dizze lêste kâns te brûken, sadat se noait wer werom hoecht nei de finzenis.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ANRYS, Pol
Titel: Wanda wasket wyt
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2017
Te keap: ja
Oersetter: Gurbe Dijkstra
Oarspr. Titel: Wanda's bonte was
Ynfierdatum: 2017-09-03
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6