Wat binne wy moai fuort

Under begeleiding fan in gids nei de binnenlannen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale trip om opskeppe te kinnen by har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou. Henk en Annie, dy't in priis wûn ha en dêrom de reis meitsje, sjogge der hielendal nei út. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket it reisselskip kompleet. Luciel ergeret har dea oan it hâlden en dragen fan Henk en Annie, twa typen fier ûnder har stân en fan Emma moatte se al hielendal neat ha. Al gau docht bliken dat it hielendal gjin lúkse fakânsje is, mar in survivaltocht troch de oerwâlden fan Afrika. Foar Luciel in reden om daliks werom te wollen. Spitich, de jeeps dy't harren brocht ha, komme pas oer in pear wike werom. Oanpasse dus! At dan ek noch Fred, de gids, ynienen fuort is, dan wurdt it pas echt in tocht.. In komysk en fermaaklik blijspul dat spile wurde kin yn in ienfâldich te meitsjen dekor.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): MONSHOUWER, Diana
Titel: Wat binne wy moai fuort
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2012
Te keap: 1
Oersetter: Jorna, Siep
Oarspr. Titel: Gooi maar voor de leeuwen
Ynfierdatum: 2012-07-19
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3