Wat in heide, heite!
Jongelju ha ynskreaun op in frijwilligerskamp op ien fan ús lêste heidegebieten: de heide is yn ferfal en moat opskjinne wurde. Hjir op'e heide is it moetingsplak dêr't wy mei harren yn'e kunde komme. It giet derom hoe't in ferskaat oan jonge minsken funksjonearret yn sa'n fakânsjeploech. Yn 13 sênes komt dit op boartlike wize yn syn earnst en humor oan'e oarder. Dit stik is ûntstien op basis fan in tal ymprovisaasje-opdrachten oan de jongereinploech fan de Fryske Krite Bûtenpost. It is in gehiel, mar mei in lytse oanpassing kinne guon sênes ek wol apart spile wurde. In oanrieder.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KLOMPMAKER, Roel |
Titel: | Wat in heide, heite! |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-25 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 6 |