Wat in skrik
Berend (Benny foar freonen) Faber is al hast fiifentweintich jier troud mei Sippy. Mar ek oare froulju ha altyd al op syn belangstelling rekkenje kinnen. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter, Maaike, dêr't er neat fan ôf wit. Dy is no nei har heit op syk gien mei help fan it tv programma Spoorloos. Se ha, sûnder dat Berend der erch yn hat, regele, dat Maaike in keamer hiert by Sippy, dy't by harren oan hûs in Bêd en Brochje hat. As Berend in brief kriget fan Spoorloos, dêr't yn stiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol,brekt by him de panyk út, want Sippy mei der út noch yn wat fan witte. Mei help fan syn freon en kollega Sjoerd besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket himsels lykwols hieltyd fierder yn' e nêsten. Sil er him der noch út rêde? Dat spant der om. Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon stean.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SLOOTS, Henk |
Titel: | Wat in skrik |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2013 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | Wat in skrik |
Ynfierdatum: | 2013-03-23 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |