Wat is jild dochs raar guod

Sytse Kempenaer hat syn fêst baantsje opjûn en moat no alhiel fan syn boekskriuwen bestean. Dat skriuwen wol de lêste tiid net botte bêst mear flotsje en sadwaande ûntsteane der finansjele problemen yn 'e húshâlding. Dy problemen komme sterk nei foaren as frou Kempenaer mei in djoere mantel thúskomt, dy't hja mei banksjeks betelle hat. Mar Kempenaer stiet by de bank al yn 't read. Sa ûntsteane der spanningen yn 'e húshâlding, dêr't fierder noch twa jongfammen diel fan útmeitsje. Alles feroaret ynienen, as fan de útjouwer it boadskip komt, dat ien fan syn boeken yn Amearika útjûn wurde sil en der grif ek noch in film fan makke wurde sil. It jild streamt dan binnen en Kempenaer reizget fan it iene lân nei it oare en syn húsgehoaten sjogge him amper mear. Hy wurdt langer libbe en dêr kriget er nei in skoft skjin-en-de-skjin syn nocht fan. Hy kiest op it lêst foar minder publisiteit en sadwaande ek foar minder ynkommen om mear by syn húshâlding te wêzen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): FEENSTRA, Job
Titel: Wat is jild dochs raar guod
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 3