
Weeshûs op stelten
Jacky, Tim, Hannah en Ingel wenje yn in weeshûs. Se hawwe gjin heit en mem mear. En hoewol dat fertrietlik is, hawwe se it hiel bot nei it sin by de direktrise miss Fluffy en har help Marie. Se hawwe in protte wille mei inoar, gean nei skoalle en krije alle dagen hearlik iten fan Marie. En miss Fluffy is sá leaf! It is in leafdefol plak, it weeshûs… Mar dan op in dei begjint de ellinde. De eigener fan it weeshûs, mr. Pineapple, komt by miss Fluffy mei de meidieling dat hy, syn frou en harren soan Symon sels yn it weeshûs wenje wolle. Dat betsjut dat miss Fluffy, Marie en de bern derút moatte. Miss Fluffy skrikt bot fan it nijs. Wêr moatte se hinne? Se hawwe noch mar seis wiken om wat oars te finen! Mar, sadree’t de famylje Pineapple yn it hûs lutsen is barre der frjemde dingen. Nachts spûket it! Mar spûken bestean dochs net? Of al?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STEEGSTRA, Anja |
Titel: | Weeshûs op stelten |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2020 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | n.f.t. |
Ynfierdatum: | |
Dekor: | keamer & keuken & Sliepkeamer. & stjitte |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 7 |
Tal manlju: | 6 |

