Wêr sit mem?

As Marten Bouma mei syn frou en syn skoansuster nei in fakânsje yn Ingelân wer nei hûs sille, doch bliken, dat syn skoanmem, dy't ek mei wie, nearne te finen is. Boppedat hat hja ek de boatkaartsjes en al it jild, dat der noch oer is, by har. As hja dan tafallich ek noch hearre, dat hja in grouwe priis yn in lotterij wûn hawwe en dat mem blykber ek noch it lot yn 'e bûse hat is de boat fansels hielendat oan. Sykje helpt neat en fuort kinne hja net! Boppedat komme dan fansels ek noch de nije bewenners fan it húske. Nei in soad misferstannen, telefoantsjes fan "mem", dy't troch de Klavers - de nije bewenners - fuort ferbrutsen wurde, it iens wurden fan in broer fan Klaver mei de skoansuster fan Bouma en in foto yn in krante dêr't út blykt dat mem de priis yn ûntfangst naam hat (in "dreamhûs"), dan docht mem harren te witten, dat hja de boatkaartsjes omwiksele hat, dat hja kinne mei in lettere boat nei hûs.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STELWAGEN, Tsjibbe
Titel: Wêr sit mem?
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1985
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4