Wetter

De Libbensgeaster polder sil ûnder wetter. Fryslân ommers sit ekonomysk yn'e nederklits en sil in rekreative ynjeksje ha. B. en W. en de Libbensgeasters binne wakkere bliid mei de grutte meiwurking út Den Haach wei. It sil no heve yn harren doarp dat tsjin de polder oan leit. Mar yn'e polder wenje Hindrik en Jelle Jagersma, twa bruorren dy't dêr tige nei't sin wenje en op harren eigen wize buorkje: sy ha gjin ferlet fan wetter. Men kin fan tinken wol ha dat soks betizing jout, net allinne B. en W., mar ek topamtners út Den Haach bemuoie harren der mei. Der leit in wrâld fan ferskil fan tinken en fan belangen, mar Jeannet wit in brêge te slaan.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KLOMPMAKER, Roel
Titel: Wetter
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-05-25
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 6