Wingelsma

Op moandeitemoarn komt it persoaniel fan it kantoar stadich op gong. Harren sjef hat him noch net sjen litten en as it jongste famke him in kopke kofje bringt sjocht se him heal neaken en dea op 'e flier lizzen. Wingelsma syn sekretaresse wit wat der de freeds dêrfoar bard is en se noeget de beide oaren út om, mei har, nei te spyljen wat sy meimakke hat. Sa komt de taskôger te witten dat de sjef wolris wat oars woe as mei mefrou Beverdam prate oer it wurk. It docht bliken dat sy him derta krigen hat de rollen om te draaien, sy 'baas' en hy 'hearrige'. Dat is sa út 'e hân rûn, dat de sjef der yn bleaun is... In oanrieder foar wa't ris wat oars wol as in sljochtweihinne blijspultsje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DAVIDS, Ton
Titel: Wingelsma
Skreaun yn: 1996
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter: Wijk, Gerda van der
Oarspr. Titel: Wingelaar
Ynfierdatum: 1998-04-12
Dekor: 1, kantoar
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1