Wylde Rixt fan ’t Oerd

Rixt bewennet mei har oerwûne soan Sjoerd in âlde klinte op it Oerd. De hate tsjin de minsken, dy't har om de oerwûne jonge útband hawwe, behearsket har libben. Se sjocht der net tsjinoan om by in fûle stoarm in fjoer te barnen om skippen, dy't in haven sykje, op 'e kust fergean te litten. Se hellet in stikmannich streupers oer om har te helpen. Sjoerd lykwols wegeret. Ienris komt der op har ljocht in skip ôf, dat op 'e kust fergiet. Sjoerd rêdt de kaptein it libben en Rixt hellet in jongfaam út it wetter. Dizze jongfaam wol se oan Sjoerd bine. Dat slagget har, mar it slagget har net om Sjoerd op it eilân te hâlden. As de kaptein Sjoerd en de jongfaam ophellet en Rixt belies jaan moat, bringt se it skip op in dwaalspoar, sadat it fergiet.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SEVENSTER, Simy
Titel: Wylde Rixt fan 't Oerd
Skreaun yn: 1986
Utjoen yn: 1987
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-12-12
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 10