Yn Adam’s kostúm
It giet om in âldfeint, dy't njonken wat besit ek diamanten hjit te hawwen. Hy is ferstoarn en dêr komme alle omkesizzers mei oantrouden op ta setten; de measten taalden oant no ta net nei omke. Se fertrouwe mekoar foar gjin stoer - gjinien hat de moed om oanjefte te dwaan, ek it minske net dat wolris in hân foar d'âldman útstiek. As se it nei gâns hakketakje sawat iens wurden binne oer it ferpartsjen, dan komt omke libbensliif troch de doar en sette de measten fan 'e famylje gau op hûs ta. In aardich blijspul, dat folop faasje ferget, omdat der gauris in hiele kliber spilers tagelyk op binne en foaral omdat it praat eins oanienwei oer ien en it selde giet: it hoe en wat fan it ferstjerren en it hawwen en krijen. De typearring sil it dus fierhinne fan ôfhingje oft in útfiering mei dit stik slagget.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ZONRUITER, P.J. |
Titel: | Yn Adam's kostúm |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Boorsma Snr., F. |
Oarspr. Titel: | De tweede tree van onderen |
Ynfierdatum: | 1999-02-10 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |