Yn de jonge Jan
In ofsier fan justysje is belestige mei in foarûndersyk oangeande de fertinking dat de brân yn in tabaksfabryk oanstutsen wêze kin. Yn dy brân is in lyts famke omkommen. Hidde Bron, in broer fan de eigener en wat simpel fan geast, wurdt fertocht om't er min mei syn broer oer de wei kin. Syn broer slacht him gauris en leit him leech. Jan Bron, de eigener, wurdt fertocht omdat er skulden hat en de konkurrinsje mei de oare fabrikanten net mear oan kin. Hy hat koartlyn syn brânfersekering ferheegje litten. Behalve de beide broers hat de ofsier ek noch oproppen de skoanheit fan Jan, de kafeehâlder, in buorman en in ferver, wylst in brigadier ek in ferklearring ôfleit. Mei help fan de tsjûgen wurdt de wiere dader ûntmaskere. NB Heijermans hat dit stik skreaun foar in akteur, dy't sân rollen foar syn rekken naam (de fertochten en de tsjûgen)!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HEIJERMANS, Herman |
Titel: | Yn de jonge Jan |
Skreaun yn: | 1903 |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | In de Jonge Jan |
Ynfierdatum: | 1998-06-09 |
Dekor: | kantoar fan Officier van Justitie (omtrint 1900) |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 0 |
Tal manlju: | 10 |