Yn de jungle fan Borneo
Suzanne wit net wat se dwaan moat. Albert, in jonge by har út de klasse hat har in briefke skreaun: "Leave Suzanne. In ûnbekende takomst leit foar dy". Har freondinne Greta seit dat Albert ferkearing mei har ha wol, mar Suzanne hat al in freon, Eddy. Suzanne moat kieze, mar se hat leaver dat alles ien gehiel is, dat se gjin kar hoecht te dwaan. Eddy, no ja, dy is der gewoan. Hy is grappich, leaf en sêft, mar: "Do seist noait nee as ik ja sis. Do sjocht gjin wyt as ik swart sjoch. Do wolst noait al, as ik net wol mar net wit wat ik wol wol. Do bist tefolle sa as ik net wêze wol". Albert daget Suzanne út foar har dream te kiezen en fuort te gean út dizze "muffe learfabryk". Hy wol nei de jungle fan Borneo om te helpen by it ferset tsjin it kappen fan in bosk. Albert hat Suzanne nedich om artikels te skriuwen foar de kranten dy't him sponsorje. De kar is dreech genôch en dêrby wurdt Suzanne troch dreamen pleage, wêr't se hieltyd twongen wurdt te kiezen. Se dreamt bygelyks dat mei Albert yn in hantsjettel sit en dat haadman Eddy it fjûr noch wat opstookt. Tusken it skiekundeproefwurk en it skoft riert de hiele klas der yn om. Uteinliks twinge har klasgenoaten har in kar te meitsjen. Wat docht se?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRANS, Hans |
Titel: | Yn de jungle fan Borneo |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2002 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Hoekstra, Lolkje |
Oarspr. Titel: | In de jungle van Borneo |
Ynfierdatum: | 2002-05-22 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 3 |