Yn de rats

Mary wennet ergens yn in doarp dêr’t elk mekoar ken. Se hat it net rom yn de sinteraasje, mar se hat wol in rom hert. Sa wennet Robert by har yn, hy bringt net folle jild yn it laadsje, sis mar neat, mar hy mei doch bliuwe, ek al hinget er meastal yn de luie stoel foar de telefyzje en hat er in broerke dea oan wurk. Fierder is dêr Marleen, se is gjin hûndert punten, mar Mary soarget der foar dat se in thús hat. Dan nimt Mary op in jûn, at se thúskomt fan it frijwilligerswurk, Piter, in swalker, mei nei hûs. Robert fynt it mar neat dat Mary himmeinommen hat, hy fielt it as in bedriging. Hy tinkt sels dat Piter de dvd-spiler, dy’t er Robert ta beskikking stelt, stellen hat. Piter ûntkent dat, mar beide ha gjin bewiis foar wat se beweare. De ferhâldingen wurde op skerp set as der in berjocht fan opspoaring op telefyzje útstjoerd wurdt. De persoan op de komposysjefoto liket wol hiel bot op Piter.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PAUW DE Peter
Titel: Yn de rats
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2023
Te keap: ja
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: In de rats
Ynfierdatum: 2023-03-18
Dekor: wenkeamer
Omfang: 70
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4