Yn ‘e flecht

Twa froulju, Liz en Sam, witte op fernimstige wize grut-kapitalisten gâns jild ôf te troggeljen. Hja fleane de haadstêden fan de wrâld bylâns en reizgje fan it iene Hilton-hotel nei it oare. Sa moetsje hja ek Charley, dy 't him foardocht as in jildman, mar harren oplichterspraktiken troch hat en.... mei harren meidwaan wol. Dat liket te slagjen, mar it betrouwen ûntbrekt. Nei ferrin fan tiid wolle hja him wol slite, hja litte him yn Istanbûl efter, wylst er yn 'e baaikûp sit. Hja nimme al syn klean mei en dogge de doar fan syn keamer op it slot. Dêrnei binne hja noch net fan him ôf, want as hja letter yn Tokio operearje, dan dûkt hy dêr op mei in pear helpen, om de beide "dames" der foargoed ôf te riden. Sa 't hja dêr meiinoar oan 't striden binne, komt de rike Japanner, der 't hja in ôfspraak mei hiene, oan 'e doar. Hy strûst der yn en komt harren oer it mad; Charley sjocht gjin kâns mear om út it sicht te kommen en docht him foar as in robot. Dêr hat de Japanske sakeman gâns in kaptaal foar oer.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): YELDHAM, Peter
Titel: Yn 'e flecht
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 1988
Te keap: 1
Oersetter: Hoekstra, G.
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-18
Dekor: fariabel
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 6