Yn ‘e lijte
It stik sketst in man, eartiids tige eptich, foarkommend en skerp fan ferstân, dy't no dementearret. Syn frou besiket dat noch wat te behimmeljen foar bern en kunde oer. De skoandochter, frou fan harren ferstoarne soan, hat dat goed yn 'e gaten en wit mei koartswyl noch kontakt mei heit te hâlden. De dochter, dy't út Haren wei op jierdeibesite komt, wit net hoe slim as it winliken is mei har âlden. Har mem moat eins in nije heup ha, mar skytskoarret der tsjinoan omdat heit net allinne wenje kin. It útstel fan de skoandochter om tydlik plak te sykjen yn it âldereintehûs wol se earst neat fan witte, mar yn 'e hope dat se letter dochs noch wer foar har man soargje kin, beslút se om har operearje te litten. In tige werkenber en mei humor útwurke stikje; de oersetter hat keazen foar Oerterp mar it seit himsels dat elk de nammen oanpasse kin oan pleatslike omstannichheden.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BREMER, Aris |
Titel: | Yn 'e lijte |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | Het licht van troost |
Ynfierdatum: | 1998-04-14 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 1 |