Yn ‘e mist
In automobilist rekket troch de mist mei syn auto yn in greppel. Hy siket om help en bedarret yn in hûs dêr't Richard Warwick krekt fermoarde is. Dy syn frou stiet noch mei in revolver yn 'e hân yn 'e keamer. De besiker biedt oan om har te helpen en dêr giet se op yn. It docht bliken dat Richard, dy't slim ynvalide is, in tige wreed aard hie. Syn frou wie dêrtroch fan him ferfrjemde en hat omgong mei in oare man. Richard hat ek noch in broer by him yn 'e hûs, dy't geastlik net folweardich is en dy't niget hat oan de wapensamling fan Richard. Syn men wennet ek by harren yn, mar dy kin it net mear oansjen dat har soan Richard geastlik sa oan legerwâl rekket. Fierder binne der dan in ferpleger dy't net fiis is fan sjantaazje en in tsjinstfaam yn 'e hûs. De plysje kin sadwaande by elk wol in motyf fine foar de moard. Earst besykjese de skuld te skowen op de heit fan in jonkje dat Richard ris dea riden hat, mar dy blykt al twa jier lyn ferstoarn te wêzen yn Alaska. Op 't lêst wit de faam de geastlik net-folweardige jonge in bekentenis ôf te twingen en de plysje hâldt it dêr dan ek mar op. As Richard syn frou fernimt dat har freon him fan har ôfkeart, siket se oanhâld by de man dy't har helpe woe. En dy fertelt har dan wa 't de wiere dieder west hat.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | CHRISTIE, Agatha |
Titel: | Yn 'e mist |
Skreaun yn: | 1960 |
Utjoen yn: | 1984 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Tuinman, Anne |
Oarspr. Titel: | Go back for murder |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 7 |