Yn ‘e prizen

Geart Bonkema is net te benijen. Hy sit stevich ûnder de plak by syn frou Berta. Sy fertsjinnet de kost as sipier, hy is húsman. Geart moat it húshâlden dwaan neffens in strak skema dat Berta him opdroegen hat. Wy komme yn 'e kunde mei dit stel as se krekt de strjitpriis yn 'e Postkoadelotterij wûn ha. Tenminsten, as Geart net fergetten hie harren op te jaan. Hy doart dat net op te bychtsjen oan Berta. En dy is al begûn it jild út te jaan, dat der dus net is. Sa hat se al in oannimmer besteld, dy't in nije badkeamer meitsje moat. Dizze man, Kobus 'Krekt" Kerkstra, lit der ta ôfgriis fan Geart gjin gers oer groeie. As Berta har tante Lydia, in rike widdo, op besite komt, rûkt Geart syn kâns. Mei de entûsjaste help fan syn buorman Piter besiket er Lydia in flink bedrach oan jild ôf te sjongen. Hy tinkt dat dat samar slagje sil, mar tante is fansels ek net achterlik. Boppedat goait Sjouk, Piter syn frou, sûnder dat se der erch yn hat, hieltyd wer roet yn it iten. Net foar neat neame se har de ûnnoazele buorfrou. Midden yn alle perikels kriget Geart ek noch ris te meitsjen mei in lyk. It wurdt noch in hiele toer om dit goed ôfrinne te litte. Oft it slagget?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SLOOTS, Henk
Titel: Yn 'e prizen
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2016
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel: Yn 'e prizen
Ynfierdatum: 2016-04-21
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3