Yn ‘e tiis

Trije broers hawwe it elektrysk bedriuw fan harren heit trochset, neidat dy ferstoarn is. Harren sinnen rinne lykwols safolle útinoar dat hja mei rûzje útinoar reitsje, ta grut fertriet fan harren mem. Twa broers bliuwe yn 'e âlde saak, de tredde begjint foar himsels en bekonkurrearret de oaren. Dy beide rêde it nei ferrin fan jierren net op en harren jildsjitter wol allinne noch in kâns jaan as de tredde broer der wer by komt, omdat dy de kapasiteiten en it betrouwen hat. Op mem har 70ste jierdei beslút de iene broer syn eigen saak der oan te jaan en syn bruorren foar te stellen mei him yn 'e âlde saak op 'e nij te begjinnen. Dat nimme de oare beide oan en sa wurdt dizze dei foar allegearre, mar foaral foar mem, in prachtige feestdei.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ZWART, Jelle
Titel: Yn 'e tiis
Skreaun yn: 197?
Utjoen yn: 1980
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-02-10
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5