Yn ferbân mei Sophie
As Sophie dy sneon yn augustus har jierdei fiere sil, is se al in skoft net by't spul. Joast fernimt it wol, mar tinkt dat it komt omdat har heit ferstoarn is en troch de soarch foar har mem. Alex hat sa syn eigen belangen by de betizing fan syn eardere leafde. Syn frou Liesbeth kin har bêste freondinne net berikke. Yn de grutte hal fan har hûs docht Sophie spultsjes mei harsels en it libben. De realiteit fan it deistige libben is foar har sa bedriigjend; se begjint harsels te ferwûnjen. Joast mei dat beslist net witte. Joast net en nimmen net. As dat wol bart, liket it dat se trochdraait. Mar it soe ek wolris oars wêze kinne. It is en bliuwt spannend.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WERKMAN, Nina |
Titel: | Yn ferbân mei Sophie |
Skreaun yn: | 1998 |
Utjoen yn: | 2000 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Sevenster, Simy |
Oarspr. Titel: | Sophie en Zo |
Ynfierdatum: | 2001-04-26 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |