De ferfalsker

Op in kastiel earne yn Frankryk wennet in markys, dy’t der neist hynstefokken in tige nuodlike hobby op neihâldt: bankbiljetten neimeitsje. Hy giet – benammen by de froulju – troch foar in alderivichst aardige man, dy’t foar de bûtewacht suver neat sjocht om’t er sa’t it hjit sa goed as blyn is, en dy’t troch tsjok en troch tin fan syn húshâldster Susan yn beskerming hâlden wurdt.
Op ‘e draverijen rekket er syn produkten by de ‘bookmakers’ flot kwyt en fierder soargje buorfrou Margot, al sa’n grut ferearder fan him, en in stâlfeint, by de banken yn ‘e grutte stêd foar it grutte wurk.
Dan ynienen driget er tsjin ‘e lampe te rinnen en moatte alle seilen byset wurde om net ûnder de blauwe pannen te reitsjen.
Hoe no?

It spoekslot

De baron is finansjeel oan reapsein en wennet by syn túnman yn (mei dochter, húshâldster en húsfeint). Hy wol syn kastiel winliken net ferkeapje, mar de doarwarder is op kommende wei.
Der binne lykwols gadingmakkers, t.w. in saneamde kaperkaptein mei syn boatsman en juffer West. De twa partijen ha in weddenskip rinnen wa ’t it kastiel krije sil.
De kaperkaptein is in fertolking fan de pake fan de baron, tewyl’t juffer West in rike Amerikaanske fan Frysk komôf spilet.
De saneamde kaptein hat inkele húsgenoaten yn it komplot behelle en dy moatte krekt dwaan as sjogge se de beide seelju net, om sa te suggerearjen dat it geastferskiningen binne, dy’t oars gjin kontakt ha as mei de baron.
By eintsjebeslút kriget net ien fan beiden it kastiel, omdat de baron fan it regear safolle subsydzje kriget dat er it opknappe litte kin en dêrmei út ‘e brân is.

De blynkape ôf

Jurjen en Marije, beide om ‘e fjirtich jier hinne, binne yn harren houlik wat op elkoar útsjoen. Marije wol dêr wat oan dwaan en regelet foar harren in fakânsje yn in simmerhúske op it Amelân.
As Jurjen efkes te kuierjen is, docht Marije in ‘bleate’ jurk oan en makket har tige op. Se set wyn op ‘e tafel en romantyske muzyk foar de radio. Ynpleats fan Jurjen, komt de kampbehearder der yn en dat is no tafallich ek noch in eardere skarrel fan Marije.
In echte rokkejager is it, docht bliken en hy sjocht dat oangeande by syn eardere faam mooglikheden…..
Sa komt Jurjen der yn….
En as soks letter nochris wer treft, dan fljocht Jurjen der poerrazend út, dún op, dún del.
Ien mei oar hat fan gefolgen dat er neitocht hat oer harren ferhâlding en dat se de jûns op bêd wer tainoar komme.