Opskuor yn ‘e pastorij
De direksje fan de Ljouwerter Kaugomfabriken hat in haadpriis fan in puzzlewedstriid (10.000 gûne) oan in ienfâldige doarpsdomeny tawiisd, dêr’t er by syn witten net oan meidien hat. Alle middels wurde lykwols te baat nommen om fan it útrikken fan ‘e priis in reklamestunt fan komsa te meitsjen en it doarp en it fanfare dogge dêr harres ta. Mar domeny hâldt foet by stik: it moat in fersin wêze, en op it hichtepunt fan de huldiging skuort er de chèque foar de mannichte yn twaën.
No hat er it net ret: it hiele doarp, ek syn eigen bern, falle him ôf en sels Rikele Boelsma, de tige orthodokse boer, dy’t him yvich en altyd dwers sit om de ‘leare’, sprekt skande oer dit dwaan, dat er útleit as ferset tsjin in woldied fan hegerhân…..
De reklame-liedster fan de firma lykwols, dreaun troch har sympathy foar de widner-domeny, kriget begryp foar de sitewaasje en wit mei in nije fynst it betrouwen fan de lju yn har foargonger yn ien klap werom te winnen.