Ferkeard bekeard
Japik van der Veen hat oars gjin famylje as Willem Joukje, in troud pear, syn omkesizzers, dat sadwaande útfanhûzet er by harren sûnt er út Argentinië wei yn ’t heitelân weromkommen is. Mar omke is sa noflik net as er him ynearsten foardien hat, dat se hawwe nei in deimennich skjin far nocht fan him. En dat jout allegeduerigen argewaasje. Mar hoe reitsje se him mei goed fatsoen wer kwyt? Willem wit syn freon sa fier te krijen dat dy, him foardwaande as skoanmem, samar ynienen by wize fan ferrassing de doar ynkomt, fuortdaliks neidat omke wurch en ûngedien en mei syn lêbige praatsjes fan aldendei werom is fan syn kuierke. “Skoanmem”, eartiids ferpleechster (seit se), set him daliks oan ‘e gimmestyk en ek fierder makket se in ‘kenau’ út. En it fjoer wurdt omke foargoed oan ‘e skinen lein as bliken docht dat se fan doel is in fjirtjin dagen te bliuwen.
Op it stuit dat er syn koffers pakke wol om yn ‘e herberch feiliger en rêstiger hinnekommen te finen, ferskynt alhielendal ûnferwachts Willem syn wiere skoanmem. En hoe’t it dan beteart….? Yn alle gefallen oars as dat men tinke soe, want omke bliuwt wêr’t er is no ’t er freegjenderwize gewaar wurdt dat se neat minder is as ‘it fanke dat er noait ferjitte kinnen hat’.