Deadedouns

It houlik fan kaptein Edgar en Alice wurdt nei hast 25 jier oerhearske troch haat en narjen. Beide sjogge werom op in mislearre libben. Se wenje op in lyts eilân, yn ôfsûndering fan de oare bewenners.
De neef fan Alice, Kurt, kriget wurk op dit eilân. Edgar en Alice besykje beide him as bûnsmaat te krijen yn harren striid tsjin elkoar. Kurt hat meileien mei it pear mar op it hichtepunt fan’e striid lit er harren allinne. Hy fielt dat er oanstutsen wurdt troch it kwea.
Edgar en Alice berêste yn’e tastân en beslute oant de dea, dy’t harren faaks nij libben jaan kin, byelkoar te bliuwen, yn ôfsûndering fan oare minsken.

Hippy’s yn ‘e hûs

Hylke Jaarsma en syn frou sille mei fakânsje hielendal nei Switzerlân. Om op it hûs en har spullen te passen, hawwe se oan twa jonge minsken de wenning salang ferhierd. As dy lykwols oanlânje, docht bliken dat it in pear hippy’s binne dy’t it hiel oars yn ‘e holle ha as de Jaarsma’s bedoelden.
Dat se steane yn bestân om de hiele reis mar oergean te litten, mar dan komt it út dat de ferhierders har eigen omke- en muoike-sizzers (bern fan Hylke syn broer) binne dy’t mei de ‘oanklaaide grap’ de Jaarsma’s ris foar de kroade ride woene.