Wa ’t de lears past

Oan ‘e stamtafel fan kastleinske Richtsje, earne yn it wetterlân, wurdt drok praat oer in rige ynbraken dy’t der de lêste wiken yn ‘e kontreien foarfallen binne. It each falt geandewei mear op twa bekende figueren, foaral om ’t noait ien der efter komme kin wêr’t dy mannen altyd mar wer mei oan ‘e kost komme. Aldergeloks binne der in pear nij-ynkommers, allebeide plysjeman yn ‘e stêd, dy’t it slagget om de saak op te rôljen en dan docht it bliken dat de skuldige net ien oars is as in fêste pensiongast fan Richtsje, dêr’t oant no ta noait ien op komme sillen hie.
En oan ‘e ein fan it stik kriget Richtsje ien fan ‘e beide plysjes ta man, en dan moat fansels dy syn kollega ek oan ‘e frou holpen wurde, en dat wurdt dan har muoikesizzer, Froukje.
Ienfâldich fan opset dit stik, mar fleurich en net botte swier om te spyljen.

It heft yn hannen

Twa âldfeinten op in pleats libje har eigen libbentsje: se fiskje wat en litte de buorkerij ferhûneloatsje. Mar se wurde tige neiriden troch harren suster, dy’t it spul ervje wol foar har dochter. En om no fan dy earnige suster ôf te kommen, nimme se in húshâldster.
Dy pakt de saken noch helte hurder oan, mar se kinne gewoan net wer fan har ôf. Dy húshâldster hat in man dy’t libbet by de graasje fan sûpen en mâltjirgjen – se hat it kear op kear op ‘e nij mei him besocht, mar doe wie ’t har oer en hat se har by de twa manlju bestege.
En se pakt it fûleinich en hurd oan, sûnder dat de manlju yngripe doare: se ferkeapet earst in stikje sompich lân fan ûnwearde foar in rûge 20.000 gûne – se lit geandewei it hiele spul opknappe en de buorkerij útwreidsje en dan nimt se in feint yn ’t wurk, dy’t ferkearing hat mei in dochter fan dy fûlekaan fan in suster fan ‘e bruorren.
In ferkearing dêr’t dy suster poer op tsjin is.

Hawar, as de proeftiid fan ‘e húshâldster om is, dan wurdt se it dochs noch wer mei har man iens. Mar foardat se ôfset, lit se de twa manlju in hierkontrakt tekenje dat de jongelju op ‘e pleats komme en ek noch in testamint dat se letter it spul erve.

En by eintsjebeslút giet de suster dêr dochs mar yn mei. In happy end dus.

Operaasje 65+

Der barre rare dingen yn it doarp fan Sytse en Aaltsje; de iene ynbraak folget de oare, mar de dieder hat sa’t skynt mear aardichheid oan it spul as oan ‘e knikkerts, want der is noait wat wei.
De eigenaardige útlittingen fan pake Japik yn dizze snuorje meitsje dat Sytse in skalk each op ‘e âld man begjint te krijen.
Nei fûl ferset fan syn frou besiket er syn fertinking yn it bewiis omsette te kinnen. Mar hy komt by eintsjebeslút raar te pal as in plysjeman komt, net om pake, mar om him sels….