De Akteurs

Yn in hier-keamer komme nije bewenners dy’t, yn yllúzjes libje. Harren gefoelens en hannelingen binne spile en tsjinje om in leechte net te fielen. Yn dy yllusoire wrâld wêr’t allinnich it neispyljen fan kranteberjochten harren in seker realiteitsgefoel jout, begjint him in ferhaal ôf te spyljen as de âlde man fan boppen- foarhinne fjoerwurkfabrikant en nei eigen sizzen in feest beest – him mei harren bemoeit.

De boarger edelman

In rike keapman byldet him yn dat hy fan aadlike komôf is. Om by de hearen en dames fan stân yn in goed bledsje te kommen, wringt hy him yn de meast komyske bochten.

Monsieur Jourdain hat it heech yn ‘e bol. Hoewol ‘t hy mar in keapman is, is hy it leafst yn it selskip fan de adel. Hy hat genôch jild om djoere klean oan te skaffen en om him te bekwamen yn sport, keunst en wittenskip. Hy hat in skermlearaar, in muzyklearaar, in dûnslearaar en in filosofielearaar yn tsjinst. As in parmantich man lit hy him ûnderwize, wylst er gjin inkeld talint hat. Jourdain wurdt, sûnder dat hy dat merkt, troch elkenien foar de gek hâlden. Oan it ein stiet er echt foar skut mar ek dan libbet er yn ‘e waan dat er in man fan ‘e wrâld is troch waans ieren blau bloed streamt.
De moraal fan dit ferhaal: wa’t heech fljucht kin leech falle.

Plysjesaken

It stik spilet yn’e bosk. In net sa snoade ynspekteyr fan plysje, Snoad, lit him mei syn assistint, Kobus Krekt, te fiter nimme troch in pear boeven. De boeven ferwikselje fan klompen en geurkes sadat de plysjemannen op’t ferkearde spoar set wurde. Dan falle se yn sliep. Se pakke de boeven net en sille wol yn’e WW moatte…

It toverketting fan de wetterfamkes

Yn it lân fan de snilekrûpers en de sompewrotters driget him in mennichte wetterfamkes nei wenjen te setten. De kening fan de sodzewrotters makket it nijs oan syn ûnderdanen bekend en ropt harren op ta de striid tsjin dizze ynkringers, om’t se in gefaar opleverje sille foar de frijdom en it “sompich bestean” fan syn ynwenners.

In liepe spoarman

Op de grins fan Underlân en Boppelân stiet it wachthúske fan Boemke. Omdat de keningen fan Underlân en Boppelân, dy’t earder grutte kammeraten wiene, spul krije (de iene hat 9 en de oare 11 tosken yn syn kroan) komt it treinferkear stil te lizzen. Boemke, dy’t neat mear te dwaan hat, leit in griente- en blommetún oan tusken de rails. Syn famke skriuwt brieven mei goede ried nei de twa keningen (in tosk fan de iene kroan ôfseagje en dy op’e oare sette) en de keningen wurde it wer iens. De trein komt der wer, mar de rails wurde om Boemke syn túntsje hinne lein.

It betsjoende slot

Twa fikse jonges, Wander en Jilles, binne de bosk yntein op syk nei de keningsdochter, dy’t nearne te finen is. Der stiet in grouwe beleanning foar: de prinsesse sels. Se belânje by it slot fan in rôfridder en it doel fan harren komst liket harren soer op te brekken: Jilles bedarret yn in hoale ûnder de grûn en Wander giet ek al in raar gat yn. Aldergeloks hat de rôfridder in aardige dochter: Aurelia. En mei dy har help giet alles op in blier ein ta, mei…fjouwer lokkige jonge minsken.

It heksehûs

Yme en Jeltsje binne troch de hekse Doerakine yn har hûs finzen set. Yme liet in fûgel frij, dy’t oan in beam fêstspikere siet en doe pakte de hekse harren. Yme giet moarn yn’e panne en Jeltsje sil earst yn’t soer set wurde. Wylst de hekse en har trije susters harren bliid meitsje om it feestmiel fan de oare deis tikket de fûgel bûtendoar boadskippen op’t glês, dat de bern de moed net ferlieze moatte. As de heksen eefkes it hûs út binne komt de fûgel, dy’t no yn in fee feroare is, en docht de bern in middel oan’e hân om de heksen te fiter te hawwen.

Oer en tefolle

De ferstoarne boer Banning hat by testamint fêstlein dat nei syn ferstjerren syn suster Pauline, âldfaam, syn frou helpe moat op ‘e buorkerij en dat harren dochter nei har 25ste trouwe mei mei wa ’t se wol, mar foàr dy âldens de tastimming fan muoike Pauline ha moat, alteast salang ’t dy de pleats net út frije wil ferlitten hat.
It probleem is dúdlik: de dochter wol earder trouwe….. mar foldocht net oan ‘e betingsten. Pauline spilet de baas oer elkenien op ‘e pleats. Dat is foaral Jelle, in broer fan ‘e frou (de boerinne), min nei ’t sin. Dy Jelle no betinkt allegearre middels om Pauline de doar út te krijen en dêr binne hynstemiddels by. En it slagget net.
Oan ‘e ein fan it stik giet Pauline om oare reden dochs fuort en is der in lokkige útkomst.

Koartkoppen

Patrouillet, in skoalmasterich type, komt yn pontifikaal by buorman Grattelard, in grûnbesitter, om dy syn dochter te freegjen om mei him te trouwen. De beide manlju treffe elkoar en Grattelard is bang dat Patrouillet sa ferlegen is omdat er him net om jild freegje doar, mar as bliken docht dat it om syn dochter (âldfaam) giet, dan is er út ‘e skroeven. Foar de dochter oer is Patrouillet like bleu en sadwaande prate se oer oare dingen as it boadskip. Se krije slim rûzje om in stik grûn, de heit slút him by de dochter oan en Patrouillet rekket lilk de doar út. As de dochter fan har heit it boadskip heart, stjoert se him dalik om Patrouillet werom te heljen. Earst liket it der op, mar dan krije se spul oer in hûn. Ek dêr bemuoit de heit him wer mei. Patrouillet wynt him sa op, dat er flau falt en dan sizze de oare beide dat se it ûnderwilens iens wurden binne tegearre.
As de beide ‘jongelju’ dan wer begjinne sille te iggewearjen, dan stjoert de heit it span nei de pastoar.