De boer sonder soargen

It safolste toanielstikje mei in boer, in boerinne, in feint en in faam en in buorfrou, mar likegoed sille de bern hjir wol wille mei ha; en master hat der net al tefolle drokte mei, want alles spilet yn ien keamer.

Glêzen boartersguod

Yn ien fan de Amearikaanske grutte-steds minskepakhuzen wennet Amanda Wingfield mei har soan en har dochter. Har man, dy’t nei jierren oanien in gewoan baantsje hân te hawwen, dêr op in stuit genôch fan hie, hat har doe samar ynienen ferlitten, is op aventoer gien en se hat noait wer wat fan him heard.
Amanda skynt eartiids as frou wol meidwaan hawwe te kinnen en libbe yn har dwaan en litten winliken noch yn de ferline tiid. En se besiket dat ek op har bern oer te bringen.
Har soan, Tom, hat in gewoan kantoarbaantsje en toant yn ‘e rin fan it stik deselde driuw as syn heit. De dochter, Laura, hat in tige sterk minderwardichheidsgefoel en ferdjippet har thús yn in spul mei glêzen byldsjes, dêr’t se alhiel yn opgiet, omdat dy foar har begûn binne te libjen.
De mem nimt de soan yn ‘e earm en freget him ris in gaadlike kollega fan it kantoar mei te nimmen nei hûs om op dy wize har dochter ris mei manlju yn ‘e kunde te bringen.
As dy opset slagget en der dus in jongeman komme sil, makket Amanda dêr alles foar klear: der wurde kosten noch muoite sparre om alles goed slagje te litten.
It docht bliken dat dy jongkeardel deselde is dêr’t Laura mei op skoalle sitten hat en dy’t se sa bewûndere en dêr’t se faaks yn har fantasije wol fan hâlden hat. Har ferlegenens nimt suver syklike foarmen oan, mar yn it petear mei him wurdt se dochs op ’t lêst harsels en komt it safier dat hy har in tút jout.
Dan komt foar har de grutte ôfdijer, as er seit dat er al fersein is en daliks fuort moat.
Hy kriget it moaiste glêzen byldsje fan har mei……

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

In gast op ‘e pleats

In wiete rite yn in tiid dat it spul driuwend fan it lân moat, is foar in boer net noflik en as op in stuit dan ek noch de man fan de ‘combine’ siik rekket, kin men jin yntinke dat de boer net al te bêst te brûken is. Sa giet it ek Freark de Jong yn dit stik. Hy is syn ried te’n ein en syn frou, dy’t oan him dochs al te koart kaam de lêste tiid, hat it slim te ferduorjen. Mar as in Godswonder bringt in Spaanske ‘gastarbeider’ rêding op it stuit dat de need op ’t heechst is. De man hat boppedat as minske wat oer him dat makket dat de brinne sa goed as de faam him lette en sette; en dat giet de boer op ’t lêst oer de hege skuon. It draait út op fertochtmeitsjen, fral om ’t er sa efterhâldend is, de frjemdling, mei syn famylje-omstannichheden dêr jinsen. En as de boer op in stuit yn ‘e wenkeamer Tanje, de brinne, mei Antonio dûnsjen sjucht, driget de bom te barsten.
Mar Danjel, de boer syn broer, wit him de eagen iepen te meitsjen foar syn eigen tekoartkommen foar Tanja oer en as bliken docht dat de ‘gast’ neat minder is as in direkteurssoan fan in grut masinefabryk en der op útstjoerd is om rûnom tusken it ‘gewoane folk’ te stean, dan wit de boer mei syn wurdearring kwalik ried. En dat net allinne; hy sjucht yn dat troch syn eigen tadwaan Tanja drige ta te jaan oan in opkomende leafde foar in ‘frjemd’.

In wyt boesgroen

It stik spilet yn in efterôfhoeke fan Madrid. Toaniel: in strjitsje, in krotwenninkje fan Juan en Lola mei harren beide bern en beppe, de gevel fan in kroechje; op ‘e eftergrûn twa-heech arbeiderswenten mei in galerij. Probleem: de wurkloasheid dy’t yn gâns arbeidershúshâldingen need en ellinde teweechbringt, mei fan gefolgen dat de iene nei de oare syn en har heil siket yn it bûtelân. Juan sit ek al lang sûnder wurk, mar kin der net ta komme en sykje syn taflecht bûten syn eigen lân, lykas safolle fan syn maten. Syn frou, Lola, kin op ’n stuit de earmoede net mear oansjen en beslút yn syn plak de kost yn ’t bûtelân te fertsjinjen. Dat bringt har man yn in krisis: hy wurdt stymsk, rint om as in aaisiik hin en is bytiden net te brûken. As it oan ’t ôfreizgjen ta is, is Juan nearne te finen. Wêr mei er wol net sitte en wa wit as er net…. Aldergeloks ferskynt er op it lêste stuit en wurdt it skeel bylein. Sa is der by it ôfskie dochs wer de iensens yn ‘e húshâlding, dy’t der wêze moat, sil it fuortgean fan de frou sin en doel hawwe.
Om dit tema hinne jout it stik in brok libben, mei kostlike folkstypen fan allerhande slach. It lient him foar sealtoaniel (mar dan wol rojaal!) sagoed as iepenloft.
De titel tsjut op in âld gebrûk yn Spanje dat in man dy’t om wurk siket, him yn in wyt oerhimd klaait, wol er kâns meitsje.

Adeldom ferplichtet

Twa susters en in broer, allegearre al sawat om ende by de 60 jier, binne fan adelik komôf, hawwe in grut part fan it eardere famyljebesit al ferkeapje moatten en wenje no noch yn in kreaze bungalow mei in feint foar de hynders en de tún en in faam foar it wurk.
De âldste fan de froulju sjocht de wrâld noch as yn de tiid fan de adel: hege hearen en dames en dêrnjonken earme arbeiders, dy’t dat hege folk tige achtenearje. De jongste tinkt dêr oars oer, en hat wol troch dat it gewoane folk oars tinkt as hûndert jier tebek. De man hat lykas syn heit altyd rij libbe: der hynders op nei hâlde, dêrmei nei draverijen, gokke en sûpe en samar troch. Sa dwaande is it besit aardich beklonken en is dat gjin rêgegraat mear foar de staasje sa’t hja dy winliken wol fiere wolle. De man hat koartlyn in manspersoan oanriden en is mei in stik yn ‘e kraach trochriden.
De ûntjouwing yn dit stik slacht op it feit, dat hja troch in tafal út ‘e mûle fan ien dy’t it witte kin, komme te hearren hoe’t it folk destiids – en no foaral – oer harren tinkt (it earste tema) èn dat oan ‘e ein fan it stik bliken docht foar de susters dat harren broer immen deariden hat en dat stilhâlden hat (twadde tema).
Hy wurdt yn ’t lêst fan it tredde bedriuw foar de kar set oft hysels de plysje skilje sil of dat hja it dwaan moat. Hy nimt de telefoan en dan giet it doek ticht.

Mei fakânsje

Lubbert en syn frou Jeltsje steane op sprong om mei fakânsje te gean. Hja sille mei it spoar en hawwe de jûns fan tefoaren de koffers al sawat ynpakt, dat hja rekkenje no rojaal op ‘e tiid te kinnen. Alles slagget lykwols tsjin: hy snijt him by it skearen, de koffer wol net ticht en hy knypt de fingers dertusken en al sokke tsjinstuiten mear. Dat op it lêste reitsje hja noch hals oer de kop en mei hiel oare klean oan mei in taksje ta de doar út.
Dan hawwe de feint en de faam it ryk allinne en dy binne it tegearre gau iens.

Traan

Kaptein Keeney hat op in reis mei de walfiskfarder “Atlantic Queen” syn frou meinommen – in ferdivedaasje dy’t har wol past yn har ienlik bestean fan ivich allinne. Mar se treft it net; wiken oanien is it iis en nochris iis wat se sjogge en de kaptein wegert om werom te gean, ek al is der gjin útsicht op better en moat er geweld brûke om de farrenslju del te bêdzjen. Kapteinske bidt en smeekt him op hûs oan te gean – de grutte einsumens en de sfear fan it wrede libben oan board driget har gek te meitsjen.
Op ’t lêst jout er krimp, mar krekt op dat stuit sjugge se yn ‘e fierte iepen wetter en de konsynjes wurde fuortdaliks feroare om einlings de grutte slach oan te gean.
Mar no wurdt it de frou te folle. De kaptein stiet efkes yn twastriid, mar syn eargefoel – in skip fol traan thús te bringen – wint it.

It itentsje

In jong troud pear: hy (skriuwer fan syn berop), wat rûch op ‘e bûse en syn fertsjinst is dêr net neffens; sy gjin húshâldster. Een gefolch: earmoede troef en op in stuit stiet de honger foar de doar.
Nijsgjirrich hoe ’t skriuwersynspiraasje dan noch útrêding bringe kin oant….. in folslein ûnferwachte tasizzing fan honorarium útsicht jout op better tiden.

It rydbewiis

Karel en Willy harren freondinne Ria moat wer rydeksamen dwaan; se is al in kearmannich sakke en hat eksamenfrees. No hat Willy har tasein dat Karel, de man dy’t har it eksamen ôfnimt, faaks wol even skilje wol, want it is in goede freon fan him. Ria komt mei har boadskip en Karel docht tige joviaal, draait, dêr’t Ria by is, sabeare it telefoannûmer fan syn freon en hat gâns in petear mei him. Hy jout Ria noch inkele oanwizingen en dan kin dy mar gerêst it eksamen oangean.
De deis fan it eksamen hearre se by Karel-en-har earst neat, mar op it lêst komt Ria oansetten. Se hat in papierke krigen, mar kin der gjin wys út wurde en mient dat se wer sakke is. Karel skillet de eksaminator wer op – sabeare – en seit dat it allegearre bot ynoarder is. Ria noeget harren dan út foar in itentsje en as se harren ophellet docht bliken dat de eksaminator ek noege is. It is in jonge man, dy’t net ien fan de trije ken.
It komt dan út dat dy jongeman in omkesizzer fan de eksaminator is en tagelyk wurdt it Ria dúdlik dat se der tusken nommen is. Dat jout yn earste opslach gâns trelit, mar de jongeman stekt de helpende hân út en sadwaande wurde hy en Ria it samar iens, en sa reitsje dy beide de doar út. Karel en Willy bliuwe efter en hawwe wille as wetter.

Ferjit net te libjen

Yn in ientoanich bestean slite Perta, in âld-postkantoarhâlder en syn frou har dagen mei de lytse beuzichheden fan al den dei en mei útsjen nei de komst fan harren dochter Madeleine, dy’t al mear as tsien jier earne yn Amearika tahâlden hat en dêre yn ‘e showbusiness telâne kommen is. Ynienen komt se út ‘e loft fallen en heit en mem – en fral ek ‘har’ ferduldige Caesar – witte har fan blidens gjin ried. Mar de wille is koart fan doer: se woe allinne mar even op ‘e trochreis nei oare lannen oanwippe…
En dan giet it libben fan aldendei wer oan foar de trije iensume minsken. Hokfoar doel hat it noch….?