De lêste reis fan Bearend Bolderbast

Yn dit stik giet it oer it komplot fan Jildwolf, de minister fan Kening Durk III, tsjin de kening, om de macht oer it lân yn hannen te krijen. Jildwolf hat in fetsje mei fergif stellen en lit dat troch syn feint Hantlanger yn’e see leegje. Alle fisk dy’t dêr yn swimt, sil dan fergiftige wêze en de kening, dy’t dy deis fisk ite sil, sil stjerre. It komt lykwols net safier dat Jildwolf dan de macht oernimme kin, want Doutsen, de keukenfaam, fernimt krekt op tiid dat de fisk ferjûn is. It slagget Bearend Bolderbast dan ek noch om it jild út de skatkiste, dat Jildwolf meinommen hie, wer yn feilichheid te bringen, dat kening Durk de Tredde is út’e soargen wei en hoecht net mear in minister fan finansjele swierrichheden mear. It stik beslacht oan tiid in hiele jûn – it skoft meirekkene – en it is ornearre foar de bern fan de heechste klassen. Mar it lient der him ek tige foar, troch folwoechsenen foar de bern spylje te litten.

It stientsje mei de hûn

De seekapitein Oelke mei fan syn frou Jildou net in hûn meinimme om’t se sa skjin is dat se gjin bisten yn’e hûs hawwe wol. Oelke giet dan lilk fuort en komt net wer thús. Jildou feroaret fan betinken, is tige ûnwennich en begjint ek wat minder krekt te wurden op it wurk.
Nei ferrin fan jierren komt Oelke mei stoarmwaar oan’e wâl mei de hûn en is fansels tige wolkom. In stik mei gâns libben, fral troch de ôfwikseling fan it toaniel (it twadde bedriuw spilet bygelyks yn’e haven); der is hiel wat lokale kleur yn oanbrocht.

Opstân yn lyts Kabouterlân

It is in boel yn Lyts Kabouterlân. De kabouters ha dêr altyd puntmûtskes droegen, mar om’t de folkjes om harren hinne al lang in oare dracht ha, wol men yn Lyts-Kabouterlân de puntmûtskes ek ôfskaffe. Dêr moatte dan alpino-mûtskes foar yn’t plak komme. Och, och, tink ris ta! Master Wiisnoas giet safier, dat er de puntmûtskes al ferbiedt op skoalle. Mar dat noasket de bern net, benammen net as de âlde Griisburd mei harren stiet. De elfe-keninginne makket dat alles wer ynoarder komt.

Spegels

It spegelfolkje rekket syn spegeltsjes kwyt oan de “gribeltsjes”, mar kriget it op freedsume wize werom.
Ien enoar wurdt ôfwiksele mei tige flotte sankjes.

De jierdei fan master Tsjoender

Master Tsjoender is haad fan’e toveners-skoalle en moarn sil’t syn jierdei wêze. Bobbel en Knoffel, oars no just net de snoadsten fan’e klasse, spylje in grutte rol yn’e tarieding fan it feest, fral as se by ûngelok midden yn in groep hekskes, ûnder lieding fan Juffer Sietroena, belânje. En dan kin sa’n feest fansels net sûnder heksebiezem en heksedûns….

De moard yn ‘e klaaikeamer

Yn it doarpskafee, dêr’t it stikje him (op ‘e boppeseal) ôfspilet, wenje de kastlein Willem, syn húshâldster Saapke en Hanne, de âld-húshâldster fan Willem syn heit silger. Hanne is wat frjemd en hat as hobbys har boarre Wibren en it slinen út ‘e drankflessen.
Dizze jûn sil de toanielploech in útfiering fersoargje. As se nei gâns tûkelteammen los binne, docht bliken dat ien fan harren fermoarde yn ‘e klaaikeamer leit. It tafal wol, dat de plysje en in rjochter yn ‘e seal sitte, dat se kinne fuortendaliks los mei de ferhoaren. Elk soe de moard wol dien ha kinne, mar by eintsjebeslút is it âlde Hanne dy’t tajout.