Gepiel mei it segel fan Baarderadiel

It stik spilet om 1750 hinne, foar it grutste part op it doarpsplein, mei in skandpeal dêr’t Simen Simens yn beklonken wurdt om’t er fan de grytman sein hat dat er in bolleholle hat. In koartswilich stik mei gâns mooglikheden fan klaaiing en dekor, dêr’t allerhande doarpsfigueren fan dy tiid har gerak krije, en dat te pas makke wurde kin op eigen kontrei.

Kening Floaris hat fertriet

Snokkerjend sit Kening Floaris dei út dei yn op syn troane. Der is mar ien ding dêr’t er altyd gek op wie: autoriden, mar hy is te lider slein no’t de oalje yn syn lân sa goed as op is. Alleman besiket him oer syn fertriet hinne te helpen, mar it liket allegearre om’e nocht en ynearsten fynt er allinne noch wat treast yn it boartsjen mei syn boartersguodautootsje. As op it lêst Teake, de útfiner, der by roppen wurdt, liket der útkomst te wêzen: syn komjûter hat him de oplossing oan’e hân dien: in oaljefabriek bouwe! Ja, mar wêre? It sportfjild biedt romte genôch en dêr sil’t dan mar oangean; de feart der bylâns sil moai foar kuolwetter brûkt wurde kinne. Ja, it is allegearre moai úttocht, mar…

De oansteller

Ut de wenninkjes foar âlderein hawwe trije pearen op har nommen om wat blommen en strûken foar de gemeente te plantsjen. Mar ien fan’e manlju is ôfgryslike lui, behalven as er oan’t biljerten is. De oaren besykje mei ynstimming fan syn frou him dizze kwaal ôf te learen. It slagget harren en praat him siik en it komt safier hinne dat se de ambulânse roppe om him yn’t sikehûs te bringen. De oare beide manlju komme yn wite jassen en in pear stokken mei in lekken der oer as brancard en der wurd ús maat op lein. As se dan de stokken optille, strûpt it lekken der ôf en hy bliuwt op’e grûn lizzen. Dan pas is’t him dúdlik wat se mei him útheve en hy springt feardich oerein, tewyl’t de oaren him tasjonge fan: ” Altijd is Kortjakje ziek, midden in de week maar zondags niet”.

De oerpleatsing

De famylje Van Eck út Den Haach komt yn in Frysk doarp te wenjen. Mei de taal ha se ynearsten nochal wat swierrichheden. Mar nei in jier fiele se har wakker thús. De bern prate al Frysk en mem folget in kursus om it ek ûnder de knibbel te krijen.
Tige gaadlik yn plakken dêr’t men mei twataligens te krijen hat.

Aventoeren fan de jonge astronauten

In stik as wat jonges en famkes ha in astronautenklub en helpe prefester Prikkema by syn ûndersiken. De prefester hat ûntdutsen dat efter de moanne noch in moanne sweeft, mei in atmosfear, en hy sil der mei in mennich bern fan’e klub hinne.
Yn it twadde bedriuw binne se dêr al en se fine in dokumint dat Chriet Titulaer der al earder west hat. De moannemannen keare har as se werom wolle. As Douwe wekker wurd docht bliken dat it allegearre in dream west hat wat der him ôfspile hat.

Baas oer eigen buis

In alderaardichst stikje dêr’t op plezierige wize de draak yn stutsen wurdt mei it grutte plak dat de televyzje yn guon húshâldingen ynnimt, ornaris te’n koste fan de húslike sfear.

Wa is de breid?

Sjoerd Rollema is in rike frijfeint, dêr’t de froulju tige smucht op hawwe. Fan dat om him hinne draaien fan dy froulju, hat er skjin syn nocht en dêrom makket er in oerienkomst mei syn goed 20 jier âldere húshâldster, dat hja de wrâld kunde dwaan sille fan harren houlik, wat net wier is. Mocht ien fan beide syn mûle foarby prate, dan is dy de oare in heal miljoen gûne skuldich. Sjoerd rekket dat jild neffens himsels net kwyt, omdat er net trouwe wol en de húshâldster Hinke is fan miening dat de jongeman wolris in faam treffe sil dêr’t er sin oan kriget en dan soe hja altyd de kâns hawwe om dy slompe jild yn ‘e wacht te slepen. Rollema moat foar saken nei it bûtelân en as de dochter fan frou Tillema (de húshâldster) mei in freondinne thúskomt út Ingelân, dan witte hja it sa te regeljen, dat mem nei harren fakânsjehúske yn Ingelân giet en hja tegearre fakânsje hâlde kinne yn it hûs fan Rollema.
Om alle oanrin en drokte dy’t efter de publikaasje fan it houlik fan Rollema en har mem weikomt, te mijen sizze de beide froulju dat de dochter mei Rollema troud is, ynpleats fan de mem. Dat bringt kunde en frjemd yn twifel, mar net ien komt it krekte oan ‘e weet. Dan komme der swierrichheden, mar mei help fan in freon en in kranteskriuwster komt alles yn ‘e es en ta einbeslút reitsje Sjoerd èn syn freon beide oan de frou nei har sin.

Toanielen om juwielen

Gerlof en Mike, broer en suster, beheare tegearre in kafee. It is karnaval en dêr wolle hja beide graach hinne. In âld freon fan Gerlof sil dy jûn op ‘e saak passe. As dy tinkt dat der dochs gjin mins komt, en hy dus de saak mar slute wol om op bêd te gean, komme der dochs noch guon.
Neidat earst Hermine mei in pistoal yn ‘e hân dêr al oer de flier west hat, komme Floaris Ringma en Sandra Gerlands en freegje om nachtferbliuw. Hja hawwe in koffer by har, dy’t as twa druppen wetter op Bonne sines liket. It docht bliken, hja hawwe dy koffer fol mei juwielen en soks. Hermine, dy’t dêr earder wie, is Floaris syn frou en dy sit de beide oaren efternei. It is har net om har man te rêden (dy wol se wol slite), mar om dy djoere juwielen.
Sandra fertrout it spul dêr net rjocht en wol wer fuort, mar Floaris wol de ôfspraak neikomme dy’t hja makke hawwe om it spul yn dit kafee oan in sekere Alma oer te dragen en dêr de ôfprate fjouwer ton foar te barren.
As it pear àl efkes ôfreizget, komt Hermine wer op it aljemint, mar treft wer net ien en set wer ôf.
Mar de juwieledieven komme wer en belânje op it bêd fan Mike. Omdat dat in ienpersoans is, hat Bonne dêr dat fan Gerlof mar by set. As dy dan fan it karnaval mei in faam thús komt en dy keamer brûke wol, is de kaart ferjûn fansels. De faam, dy’t dochs al net sa happich is, wol dan nei hûs, mar Gerlof wit har te bewegen om te bliuwen. Lykwols, hja wurde kear op kear fersteurd, dat it liket mei harren op neat út te rinnen.
It spul rekket hielendal fan aaien as de beide koffers ek noch ferwiksele wurde.
Misferstannen wikselje elkoar fierder ôf, mar oan ‘e ein krije Bonne en Mike elkoar en sa sil it ek wol komme mei Gerlof en syn faam Martine; in blier beslút dus.

Yn ‘e tiis

Trije broers hawwe it elektrysk bedriuw fan harren heit trochset, neidat dy ferstoarn is. Harren sinnen rinne lykwols safolle útinoar dat hja mei rûzje útinoar reitsje, ta grut fertriet fan harren mem.
Twa broers bliuwe yn ‘e âlde saak, de tredde begjint foar himsels en bekonkurrearret de oaren.
Dy beide rêde it nei ferrin fan jierren net op en harren jildsjitter wol allinne noch in kâns jaan as de tredde broer der wer by komt, omdat dy de kapasiteiten en it betrouwen hat.
Op mem har 70ste jierdei beslút de iene broer syn eigen saak der oan te jaan en syn bruorren foar te stellen mei him yn ‘e âlde saak op ‘e nij te begjinnen. Dat nimme de oare beide oan en sa wurdt dizze dei foar allegearre, mar foaral foar mem, in prachtige feestdei.

Serenade foar Beits

Twa âldfeinten, dy’t in ferversbedriuw hawwe, libje mei in húshâldster dy’t harren tige ûnder de kwint hat. Hja hawwe in feint oannommen dy’t se de kâns jaan wolle om de saak oer te nimmen. De nije feint deart it oan dat dy beide manlju sa stjoerd wurde en winliken gjin eigen libben hawwe. Hy slacht harren foar om har te helpen: hy wol besykje de húshâldster te feroarjen en slagget dat net, dan moat se har plak romje foar in oarenien. Mei har trijen sette se har foar it blok dat sy set foar in wike ôf.
Underwilens makket de feint in advertinsje op foar in nije húshâldster, mei dêr by (sonder meiwitten fan ‘e manlju) dat in houlik net útsluten is. Hja litte fan de gadinmakkers ien ‘op besjen’ komme en se switte it út fan benaudens. Wilens komt Beits werom, om’t se ynsjoen hat dat se ferkeard hannele hat. Se seit ta dat se har ta deugd oanstelle sil tenei, mei yn ‘e efterholle dat op ’t minst ien fan ‘e beide manlju trouplannen hat, oan ‘e advertinsje te sjen. De iene broer fertinkt dan de oare derfan dat dy him bûten spul sette wol; hy is gau beret en wurdt it mei de âld-húshâldster iens.
Dan komt de moard út: de feint syn wurk hat it west, mar it beteart allegearre goed: de twadde broer kriget de nije húshâldster en de feint slacht de beukerjuffer oan ‘e heak.

Reboelje op Rispingestate

Rispingestate wurdt bebuorke troch âlde Kuper mei help fan bedriuwslieder Koert en de faam Gelske.
No’t de âldman ferstoarn is, komt notaris om de erven yn te ljochtsjen oer it testamint.
Dy erven binne in soan, Aan, twa dochters, Menta en Houkje, de lêste mei har man, en dan moat der noch in dochter yn Dútslân wêze, dy’t in bern oerwûn hat, mar dêr witte hja hjir it measte net fan.
De neibesteanden binne fansels allegearre like slij nei it erfskip, want wat is op it heden in grut boerespul wol net wurdich: oardel miljoen?
As notaris útein set mei it testamint, docht bliken dat âlde Kuper alderearst tocht hat om de ferpleechster, dy’t hast in jier sa goed op him past hat: hja kriget de sieraden, meast goudspul.
Justjes letter komt de bûtelânske pakesizzer der yn en om te witten oft dy ek mei parte kin, moatte der papieren út Dútslân komme. Sadwaande moat de sitting fersteld wurde, mar allegearre bliuwe dêr salang útfanhûs.
By einbeslút docht bliken dat mem en dochter yn Dútslân beide al ferstoarn binne en dat de ferpleechster de rol fan de pakesizzer spile hat om tiid te winnen, want de âldboer hat yn it testamint oan Koert en Gelske de pleats foar 24 jier yn hier tasein, mar dy beide moatte it earst noch iens wurde en dat hinget der yn, ek al omdat dêr in rike boeredochter, Hike, tusken sit te stikeljen.
Hawar, it komt fansels allegearre wol klear, mar it wurdt foar de famylje yn safier in ôfalder, dat hja foarearst tefreden wêze moatte mei hier barren en gjin grutte stikken op it board krije.

De tsien fan Foltsum

It hâlden en dragen fan ûnderskate minsken, byinoar yn in feestkomitee yn in lyts provinsjestedsje, om in hystoarysk barren te betinken. Men soe ’t neame kinne: in karakteristyk fan dy ûnderskate figueren yn de omgong meiïnoar, dêr’t de wize fan dwaan en litten en sizzen en swijen belangriker is as it ûnderwerp wêroer en de omstannichheden wêryn it barren pleats hat. Dit tema is útarbeide yn in tal gearkomsten fan it komitee. Der sil in optocht organisearre wurde, dêr’t lykas eartiids it gewoane folk en soldaten foarinoar oer komme te stean. Dat ûnderwerp bringt mei dat der ek yn it komitee twa partijen ûntsteane en dat jout wer stof ta petear en aksje. Pas yn it lêste tafriel sjugge wy dan noch in stikje fan de útfiering fan it plan.
Omdat yn dit stik it hóe folle belangriker is as it wàt, d.w.s. dat de wize dêr’t it ûnderwerp op behandele wurdt, de betsjutting fan it ûnderwerp sels fier oerskadet, komt it winliken alhiel op ‘e persoanen en harren karakters oan.
Kinne dy wiermakke wurde, dan is it in hiel aardich stik, dat him by it publyk wol ‘ferkeapje’ litte sil.

Provosearje

Fabrikant Hageman makket him lilk oer it jongfolk dat oanienwei de strjitte op giet en rûnom tsjin rebellearret. Syn frou fernijt him dat harren dochter dêr ek al oan mei docht. Hy nimt him foar om har dêr ris goed oer geweken te nimmen. Syn frou, bang dat de dochter dan de hoarnen wolris yn ‘e wâl stekke kin of slimmer noch de doar útgean kin, wiist him der op dat hy eartiids sels ek tige opljeppen fan aard wie en dat hja dêr al genôch lijen mei hân hat yndertiid. Dan komt de dochter thús en sil it ferhaal begjinne. Underwilens is Hageman syn bedriuwslieder dêr ek foar in besprek en dy bringt yn it fermidden dat de dochter fan syn baas gauris by syn soan komt. Dat is him om it fanke wol nei ’t sin, mar de jonge sit foar it eineksamen H.T.S. en kin de tiid eins net misse. Hy wurdt sadwaande och sa kjel as de dochter fertelt dat hja in advokaat skilje wol omdat de soan fan de bedriuwslieder oppakt is en fêsthâlden wurdt. Der is op in plysjeman sketten, dat sadwaande.
Ta beslút geane frou Hageman en de dochter nei it plysjeburo om te besykjen de jongkeardel frij te krijen, byneed troch harsels oan te jaan, tewyl’t Hageman syn leske leard hat en syn âld-freon, de bedriuwslieder mei de frou op ‘e thee noeget om dan de saken fan harren bern te bepraten.

De útbrekker

As Els Straatsma, in bekend skriuwster, op in stuit thúskomt, dan docht bliken dat in frjemde man by har yn ‘e hûs tahâldt. Hja komme ta in petear en dêryn fertelt de man, dy’t der as in skoaier útsjocht, dat er út de finzenis brutsen is en dat er in oppasser delslein hat. Hy siket no ûnderdak by har. Els docht op in stuit in ûntdekking, want hja ken dizze man en dat makket de sitewaasje foar har gâns makliker. Hja nimt dan de lieding fan it fierdere ferrin en lit him in boek sjen, dêr’t syn foto op stiet as skriuwer en fan dyselde skriuwer hat se noch mear boeken yn ‘e kast. Hja leaut dan ek neat fan syn ferhaal dat oer in kertier de sirenes gean sille, as hja by de finzenis by it ôflossen fan ‘e wacht syn fermissen gewaar wurde sille.
En as hja ferûnderstelt dat it him te rêden is om op dizze wize tagong te krijen by har foar in petear foar de krante, dat hja oan net ien tastean wol, dan lit hy skine dat soks goed troch har oanfield is.
Hy lit dan blike dat se him persoanlik net ûnferskillich is, mar dêr giet se net op yn. As er op it lêst ôfset en syn pet ferjit, ropt se him werom. Op dat momint skuort it lûd fan de sirene troch de loft en bliuwt se wat ferwêzen efter…