It lân der’t alles oars is
(noch gjin beskriuwing)
(noch gjin beskriuwing)
Sil, de hertstochtlike strânjutter, weaget as minskerêder meardere kearen syn libben. Hy rêdt út de wylde see in lyts famke út in boatsje fan in Sweedske brik, dy’t op it strân slein is. Sil neamt it famke Lobke en nimt har yn syn húshâlding op. Se bringe har grut mei harren beide soannen, de drokke Jelle en de sêfte Wietse.
Bewurking fan de ferneamde roman.
Boargemaster is tige grutsk op it moaie, moderne plein yn syn plak: allinnich de poppekast derop misstiet, is net mear fan dizze tiid en moat nei de souder fan it gemeentehûs. Jan Klaasen en Katryn, dy’t dat heard hawwe, griist it oan, dat hja ferklaaie har as skoalbern en gean mei nei skoalle om yn’e mande mei de bern in plan út te fieren, dêr’t de “grutte minsken” in spegel yn foarhâlden wurdt om sa de boargemaster op oare gedachten te bringen. It seit himsels, dat dit merakels slagget.
Bearn en Rinskje hawwe f 2000,– wûn mei in ynstjoerde slachsin, sa hat it buorfamke Houkje yn’e krante lêzen, dat der sil feest fierd wurde. Houkje sil der foar soargje, dat der fan alles oantúgd wurdt. It feest sil krekt begjinne, as Houkje der heal skriemende ynkomt om te fertellen, dat se har fersind hat: it gyng om in oare Bearn Abbema yn it doarp. Dat hat fan gefolgen, dat de leveransiers de oranjekoeken, de segaren, de Rivella en de t.v. mei nei hûs nimme en it feest net trochgiet. Mar dan.. komme der twa hearen om de teloarstelde Bearn en Rinskje f 2500,– te bringen, dy’t de “Dierenbescherming” harren tatocht hat, om’e hja sa útsonderlike goed foar bisten binne!
De kening breidet himsels in trui, mar alle nachten helje ûnbekenden it wurk fan de foarige deis wer út. Prins Alez en Piter, de soan fan de túnman, hâlde stikem nachts de wacht, en ûndekke, dat trije mûzen de dieders binne. As hja yn’e mûzehoalle geane, hearre se, dat de mûzekening siik wurden is troch it fergif, dat Piter syn heit op’e griente spuitet. It útheljen fan it breidzjen is in protestaksje tsjin dit spuitsjen. De jonges sizze ta, dat hja alle war dwaan sille derfoar te soargjen, dat it fergifspuitsjen ophâldt. Hja helje stikem de fleskes fergif út it fergifkastke, mar as se it spul dan yn’e sleat smite wolle, komme de kikkerts yn opstân om’t it harren dea betsjutte soe. Bedobjen meitsje de mollen beswier tsjin en de fûgels beswarre de jonges it guod net te ferbarnen, om’t de loft dan fergiftige wurdt. Gelokkich wit dokter Dik rie mei’t spul, wylst er tagelyk de túnman útleit, dat sûnder spuitsjen de natuerlike fijannen fan it ûngedierte derfoar soargje sille, dat net al syn griente opfretten wurdt. Gefolch: alles en elkenien bliid, de kening kin syn trui ôfbreidzje en de iisbaandisko, dêr’t it truibreidzjen om begûn wie, kin trochgean.
As Marten Bouma mei syn frou en syn skoansuster nei in fakânsje yn Ingelân wer nei hûs sille, doch bliken, dat syn skoanmem, dy’t ek mei wie, nearne te finen is. Boppedat hat hja ek de boatkaartsjes en al it jild, dat der noch oer is, by har. As hja dan tafallich ek noch hearre, dat hja in grouwe priis yn in lotterij wûn hawwe en dat mem blykber ek noch it lot yn ‘e bûse hat is de boat fansels hielendat oan. Sykje helpt neat en fuort kinne hja net! Boppedat komme dan fansels ek noch de nije bewenners fan it húske.
Nei in soad misferstannen, telefoantsjes fan “mem”, dy’t troch de Klavers – de nije bewenners – fuort ferbrutsen wurde, it iens wurden fan in broer fan Klaver mei de skoansuster fan Bouma en in foto yn in krante dêr’t út blykt dat mem de priis yn ûntfangst naam hat (in “dreamhûs”), dan docht mem harren te witten, dat hja de boatkaartsjes omwiksele hat, dat hja kinne mei in lettere boat nei hûs.
Fan de fjouwer freonen dy’t eartiids in protte omgong mei elkoar hiene, binne trije troud, wylst ien om utens tein is. Yn dit stik komme de trije noch wol byelkoar, mar ien fan harren kin der net wêze om’t er siik is. Wy wurde dus yn ‘e kunde brocht mei trije froulju en ynearsten mei twa manlju. Fan it earste pear, Diana en Paul, fertinkt de frou har man derfan dat er it mei in oaren hâldt en wol mei de frou fan ien fan syn freonen. It twadde pear, Evelyn en John, hat in lytsenien, mar kin it ek net meiïnoar roaie. Allinne it tredde pear, Marge en Gordon, de sike man, kriget men de yndruk fan dat it sa min net giet.
Op it stuit dat it stik begjint, komt de iene nei de oare yn ‘e keamer by Diana en Paul, omdat de fjirde freon, fan wa’t de faam dêr’t er mei trouwe soe, ferdronken is, om fierrens wei wer thús komme sil. Hja sille him meiïnoar wolkomhjitte, hoewol’t út it petear bliken docht dat net ien der folle mei op hat. Hja libje allegearre har eigen libben en wolle leafst net mei dea en soksoarte swierrichheden konfrontearre wurde.
De fjirde freon, Colin, praat lykwols frijút oer alles wat er meimakke hat mei syn Carolin en dat net allinne, hy hellet ek dingen fan earder op oer harren sels, ferhalen dêr’t se net botte wiis mei binne.
As bliken docht dat de ferhâldingen yn de houliken minder ideaal binne as er ferwachtet, dan besiket er troch der oer te praten de fersakke fûneminten wer wat op te krikken. Mar wat er bewurket hat earder in averjochts effekt.
En wylst der oan ‘e ein sprake is fan dierbere freonen, bliuwt alles sa’t it is en perspektyf sit der dus winliken net yn.
Trije broers, fiskerlju, hawwe in kafeetsje urven en binne no om bar kastlein. Mar it kafee groeit oer fan smoargens en de postrinster wiist der harren op, dat dit net sa bliuwe kin. Der moat in frou komme om de boel skjin te hâlden. Lang om let wurde hja it iens: der sil in houliksadvertinsje set wurde en de jongste moat dan mar trouwe.
In muoikesizzer fan de postrinster komt by har útfanhûs en biedt oan, it spul ris goed te hoffenjen.
Op it advertinsje komt in “dame” út ‘e stêd ôf, dy’t it om in noai libbentsje te rêden is. Dat de jongste fan de bruorren hat it net op har stean en de kandidate rekket suver wat nuver ta de doar út.
De broers sjogge elk foar oar niget oan de skjinne taapkeamer en ek oan…. Lyske, de muoikesizzer fan de postrinster. Ja, it komt sels safier, dat de beide âldsten har om bar freegje mei har te trouwen. Mar Lyske seit hja hat al in oarenien. Dy oare is de jongste broer, mar dy hat neat yn ‘e gaten en as dat al safier komt, doart er har net te freegjen.
Dan komt de “dame” út ‘e stêd nochris wer, no mei in advokaat, om te besykjen der by de broers noch wat smertejild út te slepen. Mar dat mislearret troch in snoade set fan de postrinster.
Hawar: oan ‘e ein reitsje Lyske en de jongste broer doch noch oan inoar en krije de trije manlju in frou yn ‘e hûs.
Op oantrún fan syn frou, dy’t it nochal heech yn ‘e holle hat, hat de âld seekaptein Ale Ypma yn Fryslân in âld stins kocht. Harren dochter Nynke hat it aard fan har heit, dus sljochtwei en gjin komkak.
By de keap fan de stins hawwe hja de âlde húsfeint mei oernommen. As blykt dat it âld stee breanedich oan ûnderhâld ta is wit dizze lêste wol in oplossing: syn pakesizzer Harke wol de karweien wol op him nimme. Spitigernôch hat Harke by it wurk, mei troch de help fan syn pake, nochal wat tsjinslach.
De âld-kaptein, dy’t frijwat in bolderbast is, mar it net sa kwea mient, lit mei syn eigen wurdkar, dêr’t syn frou mar min oer kin, oan makelder Sander Bouma witte hoe min as er oer him te sprekken is. Harke en Nynke krije al gau sin oan mekoar, dêr’t Joukje, de tsjinstfaam, wer min oer kin, om’t hja sels in eachje op Harke hat.
De buorfrou, frelle Jehanne fan Walinga thoe Slooten blykt fan aard krekt by Ale en Nynke te passen en dus alhier net by “mefrou” Ypma.
Fierders spilet der noch in type yn mei: Ale-âld-izer, in neef fan de kaptein.
Oan ‘e ein komt alles noch wer klear: mei help fan de makelder komt der subsydzje fan ‘e oerheid los foar it opknappen fan de stins en komt dy op ‘e monumintelist. Pake blykt yn wêzen nimmen oars te wêzen as Wybren Baron fan Sytzama, dus ek Harke is fan adel, wat fansels krekt past yn it strjitsje fan frou Ypma.
As de frelle Wybren freget om by har yn te wenjen, komt de portierswente frij en kinne Harke en Nynke har dêr moai nei wenjen sette.
De nije, net-troude dokter Wynsen Lyklama festiget him foarearst oan hûs by kaptein Sinnema, in âld see-ofsier, dy’t dêr wennet mei syn dochter Ineke en de húshâldster Jehanne. No hat Sinnema it groat gear mei de rike boer Bartle Boersma, omdat Maaike, de dochter fan Boersma, by Sinnema yn ‘e hûs kaam is, nei’t hja fan hûs fuort rûn is, om’t hja spul krige troch har ferkearing met Wytse, in soan fan in eardere arbeider fan Boersma. Boersma syn ynfloed is sa grut, dat er bewurket, dat de minsken net nei de nije dokter ta geane. Dêr komt noch by, dat wyksuster Jonker fereale wurdt op Wynsen en foar him deselde Boersma yn ‘e steek lit. Dit nimt Boersma net en hy begjint allerhande praatsjes út te struien. Ek Ineke mei de jonge dokter hiel wol lije, mar lit dat net skine.
Troch in pear goede setten fan Wynsen draait de wyn by it folk op it lêst al. Maaike en Wytse wolle graach trouwe en Sinnema en in dokter
út ‘e omkriten wolle harren dêrby helpe, mar sjoch dêr: Dat is allegearre net nedich, want Boersma is ta it ynsjoch kommen, dat er mis west hat mei syn fertinken fan de wyksuster en de nije dokter en ek mei syn hâlding foar Wytse en Maaike oer.
As dy oplossing der is, komt it ek út, dat de nije dokter en Ineke it iens wurden binne en sa einiget it stik, nei alle problemen, as in blijspul.
In nijsgjirrich stik: it spilet him ôf as in toanielrippetysje, dêr’t de ynspisjint, de beljochter en de rezjy-assistinte ek in rol yn hawwe. Fierder spilet it stik him op ûnderskate pakken ôf, wylst inkelde persoanen mear as ien rol útbyldzje moatte.
It ferhaal, dêr’t it om giet is sa: It houlik fan Haring Martens en syn frou Elske is útrûn op in sleur, dat hja tinkt al oer kontakt mei in oare man. Hja giet lykwols earst mei har problemen nei Westerhuis, in freon fan har man, dy’t psychiater is. Slim betiisd as hja is, kriget hja by him wei in oanriding en komt yn it sikenhûs telâne.
Westerhuis komt dêr by har op besite, sjocht dat it allegearre wol wat tafalt en docht har it útstel om fan de gelegenheid gebrûk te meitsjen en foar har man oer ferlies fan har ûnthâld skine te litten op ien punt: dat fan har man. Tagelyk stelt dokter Oosterhuis – ûnder dizze namme spilet dokter Westerhuis in rol yn it eigentlike stik, wylst er as dokter Westerhuis min ofte mear bûten it stik om de rol spilet fan de “de psychology ferklearrende psychiater” – Haring oan Elske foar as dokter Klaassen, om sadwaande in nij kontakt te lizzen tusen Elske en Haring.
Dit sabeare boartsjen komme fansels allegearre wûndere situaasjes efter wei, mar by einbeslút wurde Haring en Elske it doch, al is it op it nipperke, wer iens. Hja libje fierder noch lang en gelokkich…
August wol yn it sirkus Lipizaner hynders dressearje. Dit mei lykwols allinne de direkteur dwaan. Dus August moat direkteur wurde. Om dit te foar elkoar te krijen, besiket er om oan alle easken te foldwaan. Uteinlik moat de direkteur syn winsk ferfolje. Se stjoere him lykwols tigers yn pleats fan Lipizaner hynders. August wurdt mei syn frou en bern ferskuord troch de tigers.
Dit Tsjechyske stik krige yn it ljocht fan de foarfallen yn 1968 in ekstra betsjutting: It stribjen fan de minsken nei in ideaal en de ferwoasting derfan troch de machthawwers.
Auke en Renny brekke yn by in moai hûs, mar Arjen, dy’t dêr wennet, komt harren oer it mad en wol de plysje skilje. Hja reitsje lykwols yn petear oer de klasseferskillen yn ‘e maatskippij en as Arjen syn frou Betty der by komt, roppe se Renny, dy’t njoggen moanne hinne hjit te wêzen en dy’t op wacht stiet, ek yn ‘e hûs. It komt safier dat se mei har fjouweren op ‘e takomst drinke sille, mar as Renny it kessen foar it liif wei docht, ûntstiet der dochs noch wer eefkes ûnienichheid, dy’t ek wer bylein wurdt.
Dan hâldt der in auto foar it hûs stil en allegearre wurde kjel: Auke en Renny omdat se bang binne foar de plysje en Arjen en Betty omdat se troch krije dat de eigners fan it hûs op kommende wei binne….
Alle fjouwer bedriuwe se, as it der op oankomt, itselde fak, allinne ek op dat mêd binne der klassen yn ‘e maatskippij.
Paul, in fanke fan in jier of 16/17, nimt foar it earst in jonge mei nei har keamer. Hja hawwe in petear oer it dichtsjen, dat hja docht en oer boeken. Hy seach yn har earst in aardich famke om mei út te gean; no kriget er wat mear belangstelling foar har as persoan.
It petear fan de jongelju wurdt kear op kear steurd. Earst komt de húsfrousfaam al in kear as wat mei skytboadskipkes, dan Paul har mem en yn ’t lêst knoffelt har heit de treppen ek noch op. Allegearre út noed, dat de beide jongelju meiïnoar op bêd gean sille.
Dat komt ien mei oar wat yn in nuver ljocht te stean, as men wit, dat de mem in eigen libben laat, bûten de heit om. Hja hat, sa is bekend, gedoente mei gâns manlju hân en hat dat noch. De heit lit him fersoargje troch Kor, de húsfrousfaam en hat fierder allinnich mar belangstelling foar dowen. Gjin niget, dat de jongelju har “belabberd” fiele. By ien fan de boadskipkes dy’t de húsfrousfaam betinkt, biedt hja it jonge span tee (“in kopke treast”) oan…. sadwaande de titel.
“Neef” en “Nicht” binne man en wiif, dy’t útsjogge nei it erfskip fan de net troude omke fan Nicht. Omke is in bûtenman, ferwoest aisiker, fisker, jager en reedrider. De 4 tafrielen spylje yn ‘e seizoenen. Nicht, dy’t skytskjin is, kin it mar min ferneare, dat Omke der sa mar ynstrûzen komt op smoarge learzens of klompen mei de polsstok, it fiskers- of jagersark yn ‘e hannen. Al mei al is Omke net sa botte wolkom, mar oan ‘e oare kant moat er wol yn eare hâlden wurde! Dit lêste fral as er nei de notaris sil te testemintsjen. Mar sjochdêr: Yn ‘e winter komt Omke behongen mei fierrekiker, smytangel, wynbuks en noardske redens yn in kreas pak en mei in hoed op klúnjendewei op Fryske “houtsjes” deryn stroffeljen mei in frommes by him, dy’t er in “lift” jûn hie op syn fyts en dêr’t er it doe fuortdaliks mar mei iens wurden wie en wat letter har in auto kocht hie, om’t hja in rydbewiis hie. Fan testemintsjen komt no neat mear, want: “Wy ha gjin kwartsje mear!” Is dit al in wûnder, nei it foarôfgeande is ’t suver in grut wûnder, dat Neef en Nicht suver wat oandien binne troch dizze lette jonge leafde en út de grûn fan harren hert it “jonge pear” in goede takomst tawinskje.
Durk v.d. Velde driuwt mei syn freonen Pyt Smeding en dy syn frou Fokje in boekhannel. Durk hat Pyt en Fokje op in jûn noege foar in itentsje en mei har fjouweren (Durk syn frou Janny wie der ek by) hawwe hja neitiid fiks buorrele, dat de oare moarns wurde hja mar wat nuver wekker. Pyt en Fokje it earst en dy ûntdekke, dat Durk dea op ‘e bank leit. As Janny ek wekker wurdt, seit dy, dat hja him fermoarde hat, mar dat hja Pyt de skuld jaar wol. Hja hat de moard mei in huoddepriem dien en dy priem by Fokje yn ‘e tas stoppe. Nei lang praten wit hja der Pyt en Fokje fan te oertsjûgjen, dat dy beide fan de moard fertocht wurde sille, dat hja beslute dan mar om Janny te helpen it lyk út ‘e wei te bringen. Mar earst geane hja mar nei hûs ta. As de beide gasten fuort binne, docht bliken, dat Durk him dea hâlden hat mei it doel, in grap út te heljen. Omdat Durk in ferhâlding hat mei Fokje, is it Janny lykwols tinken. Hja hat mei opsetsin it paad sljochte foar de moard, dy’t hja op Durk dwaan wol.
Durk mient earst noch, dat dit mar gekheid is, mar as Janny mei de priem op him ta komt…… giet it doek ticht.