Felix en Jolande

Noch gjin beskriuwing

Bloedbrulloft

Dit stik is basearre op in reëel foarfal. It drama fan een tradisjoneel arranzjearre houlik yn in doarp. De breid trout mei in man dy’t har neat seit. Op de trouwerij lit se harsels ûntfiere troch de freon dy’t al jierren fereale op har is. Troch dit foarfal falle der deaden en nimme de nacht, de moanne en de wrâld demoanyske foarmen oan. In stik oer de kar tusken gefoel en ferstân.

It string pearels

Muoike Klas, dy’t mei har help Hiltsje, dwaande is mei it ynrjochtsjen fan har fakânsje-wente, kriget trije jonges út Fryslân útfanhûs. Hiltsje is dêr net sa wiis mei. Mouike is in string pearels kwyt rekke. De jonges oermasterje de dief en sa kriget muoike har pearels werom en Hiltsje is no bliid, dat de jonges der binne. In spannend ferhaal mei in dief yn in kast en mei jonges, dy’t by kearsljocht dy dief pakke.

It toverspegeltsje

It stikje bestiet út twa helten. Yn de earste helte wurdt ferteld hoe’t de tredde soan, neidat it de earste en twadde net slagge is, de prinsesse oan it laitsjen kriget. Dêrtroch rekket de fiskbonke út har kiel en kin se wer prate. Durk soe no wol mei de prinsesse trouwe kinne, mar hy moat it bewiis fan syn kinnen jaan om sjen te litten, dat hy foar de prinsesse de wiere Durk is. Hy moat fiif siken, dêr’t alle dokters mei oan binne, wer better meitsje. Dat slagget him, troch de siken wiis te meitsjen dat ien fan de fiif opoffere wurde moat om de oare fjouwer fan har kwaal ôf te helpen. Op slach binne se alle fiif wer better, want gjinien wol foar de oare opoffere wurde. Sa kinne Durk en de prinsesse trouwe.

Rôvers en juwielen

Yn’e bosk húsmannet in rôversbinde, dy’t it fersjoen hat op de juwielen, dy’t greve Hindrik ornearre hat foar syn dochter, op har brulloft.In pear eallju, net te snoad en wat te goed fan betrouwen, moatte de juwielen by de greve bringe. Fansels krije de rôvers se maklik yn’e hannen. Ek it sparjild fan in reizgjend sirkus wurdt stellen. In wûnderdokter en syn maat, dy’t harren sabeare by de rôversbinde oansletten ha, slagget it lykwols om mei help fan de sirkuslju de rôvers te oermasterjen.

Duveldrek

In keppeltsje bern ha by harren “krosbaan” oan de mar as lubhûs in âld keet, dy’t nedich opknapt wurde moat, mar der is gjin jild foar. Twa bankrôvers hawwe har yn it klubhûs ferstoppe, nei’t harren oerfal mislearre is. De bern, dy’t efkes letter komme, fernimme dizze mannen yn’t earstoan net. Ien fan de bern lêst de leginde foar fan in yn’e mar te sink gien kastiel, dêr’t hear Olfert, de slothear. troch in ferflokking noch altyd yn om doarmet. Twa bern geane te planksilen, de oaren wurde troch de misdiedigers fêstbûn. Ynienen komt der swier waar opsetten. De beide planksilers wurde troch hear Olfert ûnder wetter lutsen en wurde wekker yn’e troanseal fan it fersonken kastiel. Hear Olfert hat trije oare bern ta sleauwe slaven makke troch harren te twingen duveldrek te drinken. De beide nijkommers moatte dat ek, mar it slagget ien it wer ongemurken út te spuien. Om koart te kriemen: De bern slute hear Olfert op en naaie út mei de man syn jild, wylst “boppe wetter” ek alles goed ôfrint, mar de misdiedigers sille wol yn’t kasjot berdarje!

De snoek

Sibe wol wetterleeljes ha foar mem har jierdei en dan fangt er in snoek. Deiltrochwiet komt er by Janne yn’e keamer. Mem mei it fansels net witte en se fine fan alles út om har der bûten te hâlden. Earst kriget er klean fan heit oan, dan in jurk fan mem en dêrnei âlde pakeklean; in bulte geskrep op’t toaniel. As pake thús komt hat dy in echte snoek fongen. It begruttet him om Sibe en dêrom mei dy mem de snoek op’e jierdei jaan. As mem dit presintsje kriget, is se suver bliid dat Sibe “in snoek” fongen hat.

Bargebiten

Boer Goasse is tige gjirrich, om’t er de rykste boer fan Fryslân wurde wol. Dit hat fan gefolgen, dat syn dochter Tsjitske alle wurk dwaan moat en nea ris wat nijs kriget, wylst de bisten: Beitske de ko, Jakkeltsje de hin en Blabbergat de Baarch, te min fretten en nea ris skjin strie krije. It wurdt sa slim, dat Tsjitske útnaaie wol, mar de bisten helje har oer om by harren te bliuwen en har te ferstopjen op’e heasouder, dêr’t heit dochs nea komt.
As heit fernimt, dat Tsjitske fuort is en de bisten him dan ek noch allerhande ferwiten meitsje oer syn dwaan en litten, rekket er goed yn’e lytse loege en wol alles wol dwaan en tasizze, as de bisten Tsjitske mar wer opsykje. Hy sjocht no sels yn, hoe ferkeard er altyd west hat. Tsjitske komt dus wer foar’t ljocht en alles komt yn’e es.

In held op klompen

Pake syn hobby is ynbrekken. Omdat er frijwat steksjoch is, wurdt er gauris pakt en hat sadwaande in kear as wat fêstsitten. As dit stik spilet, brekt er earst by it molkfabryk yn dêr’t er in mei syn namme murken klomp ferspilet, en dan by syn soan, om de plysje te ûntrinnen. De plysje hat lykwols al by dy soan west, mar dy koe de boat ôfhâlde troch de plysje dronken te fuorjen. It ûnderdûken fan pake mei syn kostgonger-hantlanger by syn soan, jout dêr ek problemen, foaral as pake him foar de buorfrou oer foar dokter útjout. As de plysje dêr dan noch komt, giet it op ‘e nij op in sûpen. Wylst de plysje dêrnei syn rûs útsliept, docht de kostgonger it unifoarm oan en giet der fan troch.
It docht bliken dat de kostgonger in tige ‘swiere jonge’ is, dy’t allang troch de plysje socht wurdt. As de plysjeman dêr yn ‘e hûs wekker wurdt, smite hja it meiïnoar op in akkoartsje. Hy kriget fan pake it jildkistke dat hja by it molkfabryk stellen hawwe en ek it adres fan de swiere jonge en de plysjeman sil pake bûten skot litte as dy en syn soan it drankgebrûk fan de plysje yn tsjinsttiid foar harren hâlde.

Skroei

It stik spilet him ôf yn de ytkeamer fan in âlderwetsk hûs yn Ingelân op in wykein yn july. Der is in soarte fan famylje-gearkomste yn it hûs fan in sike mem, dy’t boppe leit en dy’t wy net te sjen krije. Fan de famylje binne der Anny, dy’t mem fersoarget en net troud is, Tom, in feedokter, dy’t gauris by har oanrint en fierder komme der Anny har suster Ruth mei har man Norman en Anny har broer Reg mei syn frou Sarah. Elk fan dizze persoanen hat syn eigen problemen.
Anny hat al jierren lang har mem fersoarge en wurdt ûngeduerich omdat hja ek wolris wat oars wol en foaral omdat hja ynwindich fan Tom hâldt, dy’t him net uterje doart. Ruth en Norman harren houlik is tige steryl. Hja hawwe gjin bern en Ruth hat mear oandacht foar oare dingen as foar har man. Norman, dêr’t wol wat slinger oan sit, hat it in kear mei Anny besocht, dy’t dêr ien kear yn har oandrang oan tajûn hat, mar alles besiket om fierdere yntimiteiten mei him foar te kommen. Sarah besiket in binende figuer te wêzen yn de famyljerûnte en docht har bêst om elk op in goede manier oan ‘e itenstafel te krijen.
Troch allerhande tsjinstellingen en yndividuele problemen, mar benammen troch it hâlden en dragen fan Norman, slagget it Sarah net. Sadwaande rekket dy der ek alhiel mei oan.
De hjirfòàr oantsjutte problemen wurde yn it stik nei inkelde hichtepunten dreaun.

Spul om it fjildsje

Undertitel: ‘Rint it spul heech, dan is it keazen dreech.’
It stik giet oer de problemen fan in lyts doarp yn dizze tiid. It doarp hat in sportfjildsje, in winkel, in skoalle en in fabrykje op it agrarysk mêd. Sil it doarp floarearje dan moat it fabryk útwreide wurde. Dat kostet jild en dêr is min oan te kommen. As der net ynvestearre wurdt, kin it fabryk it net folhâlde, moatte wurknimmers ûntslein wurde. De measten fan harren sille allinne bûten it doarp wer oan ‘e slach komme kinne, yn it doarp alteast net. Ien en oar soe fan gefolgen hawwe dat it tal ynwenners tebek rint en fergrizet en dat skoalle en winkel net bestean bliuwe kinne. Giet de útwreiding fan it fabryk wol troch, dan sil foar in nije loads bouterrein komme moatte en dan sil it sportfjildsje ferdwine moatte òf it kostet in stik natuergebiet.
Yn in gearkomste fan doarpsbelang docht bliken dat der ûnder de ynwenners fan it doarp tsjinstelde mieningen en belangen besteane.
De 13 tafrielen spylje ôfwikseljend yn in winkeltsje, in fabrykskantoar, in skoalle en in doarpshûs. By alle sênes is in sportfjildsje ûnderdiel fan de spylromte.
It stik jout romte it in eigen kleur te jaan (troch plaknammen út eigen krite te brûken û.o.).

Toe mar Wolter

Wolter Santema hat ta dokter leard en yn syn jonge jierren fan in fanke hâlden, dat er nea freegje doarst. Doe’t hja net langer wachtsje woe, is hja troud mei in oar en krige twa bern: in jonge en in famke.
Neidat syn earste leafde en har man by in ûngemak omkommen binne, hat hy de beide bern by him yn ‘e hûs nommen om harren grut te bringen.
Ine is no 25 jier en helpt him yn ‘e apteek en Jelmer studearret en is 23. Ine is in tige kreas frommeske en Sander Duersma, in sjirurch, freget har, syn frou te wurden. Wolter, dy’t nea oanstriid wer hân hat om te trouwen, kriget de rie hjir om ‘e bern dochs mar ris oer nei te tinken. Sadwaande lit er it yn him omgean om mei syn buorfrou yn see te gean. As der mei Jelmer swierrichheden komme op finansjeel mêd en Wolter net helpe kin, freget Jelmer earst Sander en dan de niisneamde buorfrou om him út de niten te helpen. As by syn jildsjitter syn skuld anonym betelle wurdt, wol er Sander foar syn help betankje. As dy fan neat wit, komt er mei syn betankje by de buorfrou, mar ek dy hat it net dien, docht bliken.
De wize dêr’t Sander en de buorfrou op reagearje, makket it foar Ine en Wolter dúdlik dat dyselden net de man en de frou binne, dy’t hja sykje. It jild is oansuvere troch immen, dêr’t hja it alhiel net fan ferwachtsje koene. Jelmer seit ta dat er him fierder ta deugd oanstelle sil en Ine komt ta it ynsjoch dat hja net allinne fan Wolter hâldt as fan in pleechheit. Omdat Wolter har wol net freegje sil, doch hja it him mar.

Trammelant om de herberch

Pake Klaversma hat in âld herberch, dêr’t de gong frijwat út is. Hy wol it spul no mei help fan Tys, in wurkleaze boufakker, opknappe om de saak dan oer te dwaan oan in jongere generaasje. Njonken de herberch driuwt Janna Klompmakker in pension. Pake en Janna kinne wakker mei elkoar, al sitte hja mekoar oanienwei yn ’t hier. Pake soe graach sjen as Tys mei Joke, syn pakesizzer, gean soe, mar dat wol net al te bêst slagje. Om it spul wat oan te moedigjen hellet pake in fyt út, mar dy liket earslings te wurkjen.
Tusken de bedriuwen troch spilet der in kwestje fan in muntefynst. Op it lân dêr flak by wurdt in doaze mei âlde munten fûn. Letter docht bliken, dat de jonge frou, dy’t sa graach by pake útfanhûzje wol, immen fan de plysje is, dy’t efter de dieven oan sit. Hja wit mei help fan Sierd, de soan fan Janna, op it lêst ien fan de dieders te pakken te krijen. Sierd en Cecyl en ek Tys en Joke wurde – hoe riede jim it sa – oan ‘e ein twa pearkes.

In lang snein-oer

In direkteur fan in grut bedriuw hat wat gedoente mei syn siktaresse. It is der noch net fan kommen, mar yn in lang snein-oer fan tongersdei oant moandei sil it heve. Tegearre sille hja der stikem útpike nei in hotel oan it strân yn Nice. De himmelster sil krekt noch efkes de boel neisjen as hja fuort wolle. Dan docht bliken, dat troch in fersin alles ôfsluten is, ek de telefoan. It foarlân is, dat hja fjouwer dagen op ‘e tredde ferdjipping alhiel op harren sels oanwiisd binne mei amper iten en drinken en gjin minske benaderje kinne.
It iten, dat der noch al is, is fan de himmelster, dy’t dat foar harsels ornearre hie. Sadwaande hat sy no it heft yn hannen. Linkendewei komt de direkteur nei foaren as immen, dy’t it earst en meast oan himsels tinkt. De siktaresse geane stadichoan de eagen iepen. Hja heakket ôf. De himmelster, dy’t mear yn ‘e gaten hie as dat hja skine liet, hat de direkteur in takke tebek set. Hy seit har ta, dat it persoaniel, dat ferantwurdlik wie foar harren fêstsitten, gjin lijen krije sil.
De moandei-te-moarns giet elk temûk syn wegen. It giet gjin minske wat oan wat der bard is.

Doping op Skylge

Doede Sytsma en ‘e frou sille mei harren buorlju in wike nei Skylge. Doede wol eins leaver thús bliuwe omdat er min oer safolle bleat kin. De sikefûnsboade docht him lykwols in middeltsje oan ‘e hân dat him dêr oer hinne helpe kin.
As er op it eilân dat middel ynnimt feroaret er alhielendal en slacht de bangens fan froulju folslein om nei de oare kant. It komt safier dat syn frou oars gjin útwei mear sjocht as by him wei.
As it pepmiddel op is, draait alles wol wer wat by, mar foardat it safier is, hat der him hiel wat ôfspile.

Efkes ryk

Klaas Brander bewennet mei frou en dochter in gemeentewent, dy’t heech nedich renovearre wurde moat. Sa falt it elektrysk ljocht iderkear út en dêr makket Klaas him likefaak lilk om. Dat hat fansels ynfloed op de sfear yn ‘e húshâlding en ek op ‘e ferhâlding mei syn suster, dy’t deun njonken harren wennet. Mar der liket feroaring te kommen as Klaas oer de post in sjek fan tritich-tûzen gûne tastjoerd kriget en der deselde deis in amtner fan de gemeente komt om alles op te nimmen. Dy amtner wit lykwols fan dy sjek neat ôf en as Klaas him even sjen litte wol, is er …. wei. Op it oanbod dat de gemeente docht om him ôf te keapjen giet Klaas net yn. Hastich as er is, jout er Boersma opdracht de hiele elektryske ynstallaasje te fernijen.
As Boersma komt en der is noch gjin tastimming fan ‘e gemeente, doart Klaas dochs net troch te setten. De beide mannen reitsje wol oan ‘e Bearenburch: dochter Klaske en de postrinder binne op it lêst ek oan inoar fersein. Mar dêrmei komt de sjek net boppe wetter. Wylst Klaas elkenien fertinkt, komt der oan de âldfammesteat fan syn suster in ein: de gemeente-amtner hat har frege.
Omdat Klaas fan keapjen ôfsjoen hat, komt it harren raar oer it mad as syn syster ek noch mei it nijs komt dat hja tegearre de beide huzen kocht hawwe. En noch mâlder sjocht Klaas as bliken docht dat syn suster de sjek nadere hat. Dy hie tritich-tûzen gûne te ferwachtsjen oan fersekeringsjild.
Sa komt der wer frede yn ‘e hûs en kin it feest om de beide oan inoar ferseine pearen mar oangean.

Fretterij yn ‘e koal

Wobbe en Wike (40) en dochter Jikke (18) hâlde mei omke en muoike fakânsje yn in pension op it Amelân. Omke is net te hâlden. Hy wol bewege en fan de natoer genietsje. Hy wol fiskje, swimme, hurdfytse, judolessen nimme ensfh. Muoike, dy’t it wat heech yn ‘e holle hat en op elk en alles krityk hat, sjocht it dwaan fan omke in gat yn ‘e kop. Omke syn healwizichheden jouwe tusken dy twa gâns kribbekeurichheden.
As tsjinwar freget muoike monteur Abe ek mar om judolessen. Dizze Abe regelet alles foar harren en de rekkens dy’t er útskriuwt sille harren letter soer opbrekke. Mar earst kriget omke it fan syn útwrydsk dwaan slim te pakken, dat hy prúst en snút dat it sta seit. As Abe him dan ek noch ferkeard iten tapart, rekket er mei de dongwein op ‘e rin.
Dy wei lâns komme omke en muoike sa stadichwei wer ta harren sels
Jikke, dy’t kunde hat oan in lêstejiers studint, hat thús de pil fergetten en dêr moat hja yn it lêst fan it stik de konsekwinsjes noch fan bekenne.
Lokkich wurdt dat troch de âlden ek yn ‘e blijspulsfear opnommen, dat oan ‘e ein steane omke en muoike net allinne wer mei beide fuotten op ‘e grûn, mar is der ek in jong en lokkich pearke, dat troch omke en muoike tige let en set wurdt.

In frjemde gast

Rein en Henk Alkema, bruorren en frijgesellen, hawwe beide in leafhabberij. Rein hat in djoere juwielesamling en Henk sammelet flinters en soksoarte guod. Op in jûntiid komt der ynienen in frommeske troch de túndoarren by harren yn ‘e keamer. Hja seit dat der in man efter har oansiet en falt flau fan ‘e emoasjes. It komt der op it lêst fan dat hja dêr de nachts mar bliuwe sil. Foar de húshâldster fan de beide manlju oer hjit hja dan mar in nichtsje te wêzen.
De oare moarns komt der in plysjeman by harren en seit dat der by de buorlju ynbrutsen is en dat guon in frommeske by harren yn ‘e tún sjoen hawwe. Henk, dy’t de jongfaam, harren gast, yn beskerming nimme wol, seit dat hja neat fernommen hawwe. Elk fertinkt no it frommeske fan de ynbraak, mar Henk wol har helpe en biedt har jild oan en ek in advokaat om har foar it rjocht te ferdigenjen.
De nachts dêrop skillet der in oare plysjeman by harren oan. Hy seit dat er harren hûs wat op it each hâldt en wiist der op dat de túndoarren iepen steane. Hy is bang dat de dief no syn slach by harren slein hat. Hy freget de húshâldster ris yn ‘e sliepkeamer fan de jongfaam te sjen en as dy mei in tas mei stellen spul werom komt, liket de saak beslikke. Dan komt der lykwols in echte plysjeman ynstappen en dy ûntmaskeret de ûnechte en de húshâldster as de dieven, dy’t er mei help fan de jongfaam no te pakken krige hat.
Henk en de jongfaam binne it oan ‘e ein fierhinne iens en muoike, dy’t in net ûnbelangrike rol yn it hiele spul spile hat, hopet dat oan it frijgesellebestean fan Rein no ek mar gau in ein komt.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Yn ûnmacht

Dit toanielstik slút oan by de réaliteit fan de hjoeddeiske tiid. In fabryk op in doarp yn Fryslân giet op yn in grutter gehiel, mar kin it troch in ûnbekwame direkteur út it westen net bolwurkje. It gefolch is in bedriuwstrochljochting, dêr’t besunigingen en ûntslaggen op folgje sille. Der driget in ramp foar it doarp en foar it hiele gea.
Douwe Dykstra, in ekonoom, dy’t by de ferstoarne direkteur foar dy syn funksje yn oplieding wie, mar yn ‘e nije situaasje foar in Amsterdammer oan ‘e kant moast, nimt stadichoan mear it heft yn hannen. Ynearsten kriget er de arbeiders fan it bedriuw tsjin, mar as bliken docht dat er foar it bedriuw mooglikheden oanjaan kin om wer ta in selsstannich bedriuw te kommen, keart it tij en stelt it personiel him op efter harren nije direkteur.

Boartsje mei fjoer

It houlik fan Fedde Leistra en syn frou Hil is wat útsliten. Sa komt it dat Hil, as Fedde werris op sakereis is, ferlet kriget fan wat oanhâld, ek al omdat harren dochter krekt troud is en de doar út. Hil komt yn kontakt mei in fotograaf en dat kontakt rint út op in yntime relaasje. As hja op in stuit ta ynkear komt en har tebek lûke wol, dan kriget hja de fotograaf tsjin. Hy besiket har te sjantearjen mei foto’s fan har, dy’t it ljocht net ferneare kinne. Sa bedarret Hil yn slimme swierrichheden, dêr’t noch by komt dat har dochter by de man wei rint en thús komt. As Fedde de situaasje troch kriget is de boat hielendal oan. Hil komt sa yn ‘e knipe te sitten dat hja by in moeting mei de fotograaf, him in triuw jout sadat er fan in hichte ôf rûgelet. Dan wurdt it plysjewurk fansels. Mar sa’t in blijspul goed ôfrint, docht dit toanielstik dat ek. Nei’t dochter en skoansoan it wer iens wurden binne, wurdt der yn it houlik fan Fedde en Hil safolle ferjûn dat hja tegearre ek wer fierder kinne.