De hear Van Ocksefurd

Jildau en Loadewyk binne fereale en wolle trouwe. De heit fan it famke, in begoedige boarger, wol har ta ha oan de hear Van Ocksefurd, in aadlike boer ut Keallegea, dy’t dêr in grou stik jild foar betelje sil. Tsjin it sin fan de jongelju fansels. Loadewyk betinkt dêrom mei syn feint Skarlun- de klassike skelmefiguer- alderhanne snoade plannen om de hear Van Ocksefurd foar de winige doar komme te litten. Van Ocksefurd wachtet dan ek in wiere nachtmerje. Dokters prate him siik, aptekers steane klear mei klystearspuiten en bloedsûgers, advokaten betichtsje him fan mearwiverij, rjochtstsjinners wolle him oan ‘e galge bringe, en hiersoldaten ûntnimme him syn lêste bytsje selsrespekt. By eintsjebeslut reizget er as frou ferklaaid en ûntsien fan alle ylluzjes ôf.
De jongelju krije mekoar. It feest kin begjinne. In fleurich folksstik, mei sang en dûns.

De dream fan heity en memmy

In Amerikaanske húshâlding – heity, memmy en beppe – sykje in ferfanging foar harren adoptearre berntsje. Mei dat bern wie wat mis en doe is it stoarn. It lid fan de húshâlding dat se no op it each hawwe om har famyljelok folmakke te meitsjen is sels ek sa wat folmakke: in kreaze, fleurige jongkeardel, ien bonk spieren, koartsein: de Amerikaanske dream.
Spitigernôch hat er gjin gefoel en docht er alles foar jild.
Albee jout mei dit stik in satirysk byld fan de Amerikaanske (of
sljochtweihinne ‘moderne’?) maatskippij mei harren idealen fan foarútgong, har sentiminteel byld fan it lokkige famyljelibben en harren ôfwizing fan alles wat dêr net yn past.

De doar

Earne yn in skoalle is in geheimsinnige doar. De masters hawwe de bern goed yndruid: ûnder gjin betingst meie se troch dy doar gean. Guon bern binne tige nijsgjirrich nei wat der efter dy doar wêze mei. Op in frije dei seit ien fan’e jonges dat er stikem de kaai fan’e doar meinaam hat. Nei lang beried doarre fiif jonges en fiif famkes it oan om dochs troch dy doar te gean. Se komme yn in leech skoallokaal, dêr’t in âlde master foar de lege banken sit te sliepen. As er wekker wurdt is er útlitten bliid, dat er wer bern yn’e klasse hat en oan’t wurk kin. It slimste foar de bern is, dat er harren net wer gean litte wol. Gelokkich falt de âlde baas efkes yn’e sliep en kinne de bern him de kaai wer ûntfytmanje.

De nije cowboys

Boer Hudson wennet mei frou en bern poer op’e romte yn it “Wilde Westen”. Syn soannen komme thús mei in pear yndianen, dy’t ferwûne rekke binne doe’t feedieven op harren skeaten. Se wurde fersoarge en binne tige tankber. Hudson kin der wol wat folk by brûke en hiert in pear cowboys yn, dy’t sabeare tafallich op besite komme. As der jild fan in reizgjend keapman weirekket wurdt earst it tsjinstfamke der op oansjoan. De cowboys binne hjir lykwols mandiedich oan, want dat binne deselde lju as de feedieven, dêr’t de yndianen mei yn’e slach rekken. De smjunten ha noch folle mear kwea yn’t sin, mar mei help fan de yndianen en de plysje wurdt dêr in skoatteltsje foar strutsen.

De wunderko

De heks hat in potsje mei tsjoenderspoeier weibrocht. Yn dat potsje sitte alle goede dingen dy’t minsken foar elkoar dwaan kinne. Twa bern fine it potsje yn’e bosk en dan barre der wûnderlike dingen. It giet mei de buorkerij fan harren heit net sa goed, dêrom keapet heit in nije ko. Dy fret by fersin fan it tsjoendesrpoeier en jout dan gjin molke, mar oar dingen dêr’t heit ryk fan wurde kin. De heks tsjoent de ko werom, dy jout no neat mear, mar blaft en kweaket. Alles komt goed as se de heks fange en wat fan har eigen poeier jouwe, en dan docht bliken dat de heks in betsjoende prinses is.

Jild op ‘e rin

Doe’t Sake Sybesma troude mei Katryn koed er de helling fan skoanheit oernimme, lykwols it fermogen fan skoanheit bleau yn in famylje B.V. ûnder behear fan Katryn. Sake, dy’t in ferhâlding hat mei Tineke, besiket no mei har help in fermogen oan swart jild byinoar te garjen, dêr’t se uteraard de saak mei te koart dogge. Der binne lykwols guon dy’t dêr de lucht fan hawwe en no spant it derom wa’t as earste dat swart jild benei komme sil. Nei fûleindige konkurrinsje is it Kalma, de prokuraasjehâlder, dy’t de oaren en syn baas te fluch ôf is. Hy soarget der foar dat it jild op it plak komt dêr’t it heart: yn ‘e saak.
Leine Kalma en Katryn elkoar yn it ferline al goed, no’t Sake syn ferhâlding mei Tineke oan ’t ljocht komt, stiet neat in nije relaasje tusken har beiden mear yn ‘e wei.

Makkumer sollisitaasje

Rinse Andersma hat sitten fanwege dieverij, mar wurdt mei help fan in maatskiplik wurkster op it goede paad brocht. Om in nij libben te begjinnen hat se soarge foar in oar hûs en is se ek dwaande om wurk foar him te krijen.
Hy wurdt lykwols troch syn âlde maten wer yn ferkearde saken behelle. It duorret mar efkes of se ha de plysje wer om ‘e doar. Syn frou en skoansuster poer, swierrichheden mei de buorlju en de nije baas kopskou om him yn ’t wurk te nimmen.
Mei gâns spanning komt alles dochs wer op syn poatsjes telâne.

Nei tsien jier

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn ‘e hûs. Hike is in pensjon begûn.
Om Jehannes te helpen dy’t djip yn ‘e skulden sit, wol Hike har hûs ferkeapje mei rjocht op hier. Jan Nijdam, dy’t graach mei Hike trouwe wol, wol har oars wol helpe, mar Hike hat altyd noch de stille hope dat Durk werom komt.
Buorfrou Geartsje, dy’t eartiids ferkearing hân hat mei Jan, hâldt Durk op ‘e hichte. Sadwaande lit Durk in makelder Hike har hûs keapje.
As Durk ûnferwachts thúskomt en skine lit dat er wol wer yn goedens wol, wurde hy en Hike it wer iens.

Twa yoghurt en ien molke

Jan Heslinga sit op in útstjoerburo, dêr’t ek Antsje, in kreas jongfaam, wurksum is. Jan is troud, mar mei Antsje hiel wol lije. Datselde jildt ek foar harren baas van der Veen. As van der Veen Jan ûntslach jout, is it de fraach oft it tebekrinnen fan it wurk wol echt de reden is foar dat ûntslach.
Om dochs wat om hannen te hawwen smyt Jan him op ‘e stúdzje, mar dêr ferslacht er yn. Dan jout er him alhiel oer oan in geheime stjoerder, dy’t er oanskaft hat. Sa besiket er wat him oandien is te ferjitten. Dat hâldt wol yn dat er in hiel eigen wrâldsje opbout en stadichoan mear ferfrjemdet fan frou en bern.
In stik mei in tragyske ûndergrûn, dat op in tige nijsgjirrige wize de komyske kant oer útarbeide is.

Wat no, ynspekteur!?

De tabaksfabryk “Osinga en Trymstra” hat fjouwer eigners-direkteuren. Se hawwe testaminte dat by ferstjerren fan ien fan harren, dy syn oandielen nei de oaren oergeane. Trije fan de oandielhâlders reitsje ûnder fertochte omstandichheden dea. De plysje wurdt der yn behelle, mar dy slagget it net, de dieder te ûntmaskerjen.
De hiele saak wurdt dúdlik makke troch de wurkster dy’t de kantoaren skjin hâldt. Sy wit, mei help fan har muoikesizzer, toch rekonstruksje fan de sitewaasje by einbeslút de dieder te ûntmaskerjen.

Wylde Rixt fan ’t Oerd

Rixt bewennet mei har oerwûne soan Sjoerd in âlde klinte op it Oerd.
De hate tsjin de minsken, dy’t har om de oerwûne jonge útband hawwe, behearsket har libben. Se sjocht der net tsjinoan om by in fûle stoarm in fjoer te barnen om skippen, dy’t in haven sykje, op ‘e kust fergean te litten. Se hellet in stikmannich streupers oer om har te helpen. Sjoerd lykwols wegeret.
Ienris komt der op har ljocht in skip ôf, dat op ‘e kust fergiet. Sjoerd rêdt de kaptein it libben en Rixt hellet in jongfaam út it wetter. Dizze jongfaam wol se oan Sjoerd bine. Dat slagget har, mar it slagget har net om Sjoerd op it eilân te hâlden.
As de kaptein Sjoerd en de jongfaam ophellet en Rixt belies jaan moat, bringt se it skip op in dwaalspoar, sadat it fergiet.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

De faam

Antsje, dy’t as faam tsjinnet yn in yngenieurshúshâlding, hat in brief fan har frou Styn yn ‘e hannen krige mei yntime geheimen. Dêr sjantearret se Styn mei.
Yngenieur Cor is op reis en Antsje docht wat se wol. Se lit Styn it wurk dwaan, hâldt dêr in jierdeifeestje yn ‘e hûs en sa mear.
Styn rekket der skjin mei oan en wit har op ’t lêst gjin ried.
As har man thúskomt fertelt se him alles. Mei jild en drigeminten keapet er it brief fan Antsje werom.

//Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

It prieel

De ûntsleine ferpleger út in ûntwenningsynstitút sjantearret, mei help fan inkelde tsjustere figueren, eardere pasjinten.
Dat besiket er ek mei Rob Nijman, in skriuwer fan TV-stikken, omdat dy syn frou Nel foar ûntwenning fan drugs opnommen west hat.
Rob rekket sa yn ‘e knipe, dat er Loman by him thús komme lit om jild op te heljen en him dan deasjit. It lyk bedobbet er op it plak, dêr’t de oare deis beton stoart wurde sil foar in prieel.
De oare deis heart Rob fan syn buorman, dy’t substitút-ofsier fan justysje is, dat Loman yn syn eigen hûs deasketten is. Rob moat dus in oarenien deasketten ha.
As Rob allinne thús is, wurdt er oerfallen troch twa hantlangers van Loman. Se bine him fêst en krije op ’t lêst yn ‘e gaten wêr’t it lyk is. Se helje it boppe de ierde en lizze it by de fêstbûne Rob yn ‘e keamer. As de dei dêrop de plysje komt en Rob ta in bekentenis bringe wol, sjocht dy tafallich de kûgels dy’t er ôfsketten hat yn it kezyn sitten.
As de dokter ferklearret dat Loman oan in hertoanfal stoarn is, lykje Rob en Nel út ‘e brân te wêzen. Lykwols, der is ien bûten harren, dy’t wit hoe’t it allegearre om en ta gien is: harren freon Herman, de substitút-ofsier fan justysje…… Mar dy swijt…….

Better let as net

Lize Hovinga is de persoan dêr’t thús alles om draait. Har man hat gjin tiid foar frou en bern, beppe wennet by harren yn en ek soan Jehannes wennet mei frou en twa bern ûnder itselde dak. Tineke, de jongste dochter, wol sjongster wurde en besoarget har mem ek de nedige problemen. Dochs sjocht Lize kâns, by al har drokte, in boek te skriuwen, dêr’t har útjouwer heech fan opjout. Hy wol ha, se sil in twadde boek skriuwe en om dat yn rêst dwaan te kinnen, biedt er har in flatsje oan yn Amsterdam. Earst wol Lize hjir neat fan witte, om’t se mient dat se thús net mist wurde kin. As har man wat gedoente mei de buorfrou kriget, is se samar beret. As it skriuwen har yn Amsterdam net slagje wol en har man dêr komt en útlit dat er har graach wer thús ha wol en ek Tineke har stipe nedich hat, giet se wer nei hûs.
De ûnderfining hat har leard, dat se mei alle drokte om har hinne, pas skriuwe kin.

Fando en Lis

In absurd stik oer de tragyske leafde tusken Fando en Lis. Lis is oan beide skonken ferlamme en sit yn in bernewein. Fando kin alles mei har dwaan wat er wol. Ek al hat er har leaf, hy is faak hiel wreed tsjin har; krekt as kin er net oars. Hy makket har mei in ketting fêst oan de wein en hy slacht har. It ienige dat sy dwaan kin is him tasizze litte dat er fan har hâldt en dat er foar har soargje sil en har ienige wraak is te swijen. Se hawwe foar elkoar keazen, mar witte harren gjin rie mei de leafde.
Harren doel is yn Tar te kommen, mar dat wol net slagje; alle kearen dat se op wei geane, komme se wer op it selde plak werom. Se moetsje trije mannen dy’t ek op wei binne nei Tar. Se beslute mei syn allen te gean. Fando rint folle hurder as de mannen, omdat, sa seit er sels, hy de wein triuwt. Fando en Lis komme wer op it selde plak út. Fando hat wat nijs yn’t sin: hy docht har hânboeien om en lit har krûpe. Omdat se dit net wol en net kin slacht er har. Se stjert. Fando is ferbjustere. De trije mannen komme ek op it selde plak út en mei Fando sille se noch ris besykje yn Tar te kommen.

Gjin bleat yn Eastersleat / Folle slimmer as fiter

Frâns en Corry, in krekt troud stel, wenje boppe de bank dêr’t Frâns wurket. Se wolle leaver in hûs mei in tún en om dat betelje te kinnen siket Corry ek wurk. Se reagearret op in advertinsje foar thúswurk fan in Deenske firma. Se tinkt dat se glêswurk krije sil om te ferkeapjen. Se kriget lykwols pornomateriaal opstjoerd, en net sa’n bytsje, it iene pakket nei it oare wordt besoarge. De mem fan Frâns is by harren útfanhûs en it kost harren in soad muoite dat spul wer de doar út te krijen sûnder dat dy it sjocht en sûnder dat oaren it sjogge.
Wilens hat it pear it hiele hûs fol minsken; de mem hat in freon, de akkountant komt lâns en de assistent fan Frâns rint de doar plat.
Dan komme der ek noch twa callgirls lâns, dy’t fansels gjinien sjen mei. De firma hie tocht dat de klant net tefreden wie, omdat alles werom stjoerd waard.

It idé

Walter, in toanielskriuwer, hat in idee foar in nij stik op it tema houliksûntrou en freget it betinken dêroer neffens wenst oan syn bêste freon Huib.
De útwurking sa’t er dy ûnder hege spanning by stikjes en bytsjes oan de freon foarleit, makket Huib yndachtich op ‘e ferhâlding dy’t krekt hy der mei Walters eigen frou op neihâldt….

De dwerslizzer

In dissidint, dy’t it skriuwn ferbean is, kin geastlik net mear tsjin de druk fan it systeem op. Yn syn ferbylding komme der feilichheidsplysjes by him, dy’t harren ta dizze steat brocht hat. Wylst syn frou om kalmearjende middles út is komme der, wer yn syn ferbylding, twa sikebruorren yn om him mei te nimmen nei in ynrjochting.
Hy krûpt dan troch it iepen rút en giet oan ’t finsterbank hingjen.
As syn frou werom komt en him sa oantreft, besiket se him wer yn ‘e keamer te krijen. Dat slagget har net, se hat sels muoite om net mei nei ûnderen te fallen.

Ik en ús heit

Jan hat in tige strange heit, dy’t samar klear stiet om him mei syn broekriem ôf te seamjen. As Jan op in dei nei de film west hat ynpleats fan nei skoalle, kriget er wer fiks op ‘e hûd. Hy rint dan fan hûs en is fan doel net wer te kommen. Hy treft in pear famkes dy’t him meinimme nei harren geheime hutte. Dêr moat er, hoewol’t er tsjinakselet, oan de oare jonges en famkes fertelle wat syn probleem is.
Se ûnthjitte him, dat se syn heit in ôfstraffing jaan sille. Se hawwe yn in kiste in wite mûs en sizze dat dit syn betsjoende heit is. Op oanstean fan harren ferbarnt Jan de mûs en giet dan fol moed wer nei hûs, tinkende dat heit him noait wer wat dwaan kin.
Mar… as er thús komt, stiet syn heit him op te wachtsjen mei de broekriem yn ‘e hân.

In himel op ierde

Kerst en Sjoukje Haitsma hawwe ien dochter, Jel, dy’t alhiel ûnder ‘e tsjoen is fan Arjen. Arjen is in man fan frijheid, frije leafde, frij libje en bestean fan wat de natuer leveret. Har âlden nimme dat, ta Jel har fernuvering, hiel kalm op.
As Arjen by harren oan hûs komt, fertelle se de jongelju dat se al jierren sabeare-boartsje en beide stikem in relaasje bûten it houlik hawwe. Jel is ferbjustere en efkes letter stjoert se Arjen fuort.
As har âlden Jel fertelle dat se allinne hjoed mar sabeareboarte ha út goederbêst, dan docht bliken dat Jel út de sânde himel wer mei beide skonken op ‘e grûn stiet.