Hé, mei ik myn frou werom

Barend Minderman, in psychiater wol skiede fan syn frou Vera. Foarútrinnend op de skieding hat hy alfêst syn nije freondinne Dolly yn ‘e hûs helle, dy’t har troch it tsjinstfamke ‘mefrou’ neame lit. Op it stuit dat Barend en Dolly fuort sille foar in noflik wykein, stiet Vera foar de doar mei it berjocht dat tante Minnie in dei as wat út fan hûs komt. Tante mei út noch yn net witte dat Barend en Vera fan doel binne te skieden. Freek, de nije freon fan Vera komt ek noch mei de klompen yn it spul en tsjin bedtiid is de gaos kompleet. Ommers wa moat no by wa sliepe??
Dit liedt fansels ta de meast ûnmooglike situaasjes mar oan ‘e ein komt alles wer op syn poatsjes telânne.
NB: Lykas yn de measte kluchten ha de personaazjes net in soad djipgong. Foar de leafhawwers fan it ûnferfalske kluchtewurk stiet dit stik garant foar in jûn ‘dolle pret’.

Richard III

Richard is in man dy’t der alles foaroer hat om oan ‘e macht te kommen.
Nei dat hy de “war of the roses” foar it hûs fan York wûn hat, rjochtet hy syn geweld tsjin syn eigen famylje. Yn in besykjen, wêryn ‘t er neat en nimmen ûntsjocht, om de troan foar himsels op te easkjen lit hy op in slûchslimme manier syn twa bruorren en harren twa soannen fermoardzje. Dernei likwidearret hy oare minsken dy’t him yn it paad rinne, helpt syn frou nei gychem, fermoardet syn hânlanger en wit de dochter fan syn âldste broer krekt oan him te ûntkommen. Uteinlik wurdt dizze “moardmasine” op it slachfjild steande holden.

Tsjoentsjettel

(noch gjin beskriuwing)

Opskuor op’t iis

It ferhaal fan dit aardige bernestik slút oan by it wurk fan Greenpeace en alles wat dêrmei gearhinget. It libben fan in tal jonge seehûntsjes wurdt bedrige. Mei help fan in eskimo, syn hûn, in “ferskriklike snieman” en in aksjegroep fan Greenpeace komt alles oan’e ein lokkich noch goed.In pear lietsjes jouwe it stik in wat “musical”-eftich karakter. Mei tekeningen is oanjûn, hoe’t de bern, de bisten en it toaniel oanklaaid wurde kinne.

De santekream fan menear Ungemak

Yn de poppewinkel fan menear Ungemak ha hjoed net folle klanten west. As der tsjin slutingstiid noch in rike sheik komt om in djoere poppe foar syn dochter te keapjen wurdt de dei dochs noch goed. Mar yn de nacht komt der in dief. Hawar, mearkes lykas dit rinne lokkich altyd goed ôf.

De spegel en de prúk

Tovener Pier wol alles wat libbet yn’e bosk yn syn macht ha. Dat slagget yn’t earstoan: beammen, blommen, bisten en kabouters kinne net mear gewoan prate, mar allinne mar getallen útbringe. As de tovener dan ek noch de spegel fan de elfenkeninginne te pakken kriget, kin sy ek neat mear út’e wei sette. By tafal rekket de tovener syn prúk – en dermei syn toverkrêft – kwyt en dan komt alles noch goed. In tal lietsjes fleuret dit stikje op.

De fazen fan Romulus

Der wurdt sein dat der yn de Romeinske tiid troch de kriichsoerste Romulus twa lyksoartige, kostbere fazen yn it doarp begroeven binne. Wa’t beide fazen yn syn besit hat, wurdt ryk en machtich en dat wol de boargemaster fansels wol oan. Ien fan de beide fazen hat er al kocht en hy docht tige syn bêst om ek de twadde te pakken te krijen. Dan wurdt der troch syn túnman in Romeinske faas opgroeven út in âlde grêft. Boargemaster is út’e skroeven, mar… hat dit spul faaks luzen? Wa’t wat romte op it toaniel ta syn foldwaan hat, sil hjir grif sukses mei ha.

Hoe riker hoe briker

Yn it testamint fan har ferstoarne heit wurdt Rike in jongeman tawiisd, dêr’t se mei trouwe moat. Har omke Sander is belestige mei it útfieren fan dy lêste wil en no sil der by in muoike fan Rike in moeting wêze tusken Rike en dy jongkeardel. Ien en oar giet wat Rike oangiet slim ûnder twang, want se hâldt it mei Freark, in jong akteur.
Omke Sander, dy’t widner is, hat konneksjes mei in nachtklubdûnseresse en de muoike dêr’t se útfanhûzje, wol as frijfaam eins ek noch wol ris oan ‘e man. Dat omke Sander skillet mei in houliksburo en dêr sille se soargje foar in kandidaat foar muoike. De boel rint speak as de oansteande man fan Rike oan sjoen wurdt foar de houlikskandidaat fan muoike. Dêr komt by dat Freark, de jongkeardel dêr’t Rike fan hâldt,- tafallich – yn dat hûs ynkwartierd wurdt as soldaat fan de lannelike reserve.
Ferklaaipartijen, persoansferwikselingen en alles wat dêr by heart, meitsje fierder de klucht kompleet. En dêr tuskentroch spilet dan de húsfeint noch in aparte rol, om’t dy foar alle tsjinsten dy’t er oan elk fan ‘e oanwêzige persoanen bewiist, in jildlik offerke freget.
Oan ‘e ein binne der dan de pearkes: Rike kriget de feint fan har hart: Freark, de testamintêre kandidaat rekket op ’t lêst oan de nachtklub-juffer en muoike treft noch in âlde kunde út ‘e kontreien dêr’t se earder wenne. Allinne omke Sander moat it dwaan mei in ‘dampende sigaar’…

Piters prik prikelet probaat

Sint is keunstskilder en fersein oan Wytske. Tusken dy beide akkedearret it net sa bot, omdat Sint neat fan syn skilderijen makket en Wytske foar harren sa gjin takomst sjocht. Op in dei kriget Sint besite fan Teo, in fabrikant yn frisdrinken, mei syn sekretaresse. Yn it petear ûntkomt Sint sûnder erch in slachsin foar de frisdrankereklame en Teo is hjir sa fan ûnderstboppest, dat er yn Sint in reklameman by útstek sjocht. Omdat Teo ek nocht oan skilderjen hat, besiket er dat ris en krekt op dat stuit, komt der in ferslachjouster yn, dy ’t dwaande is om artikels te skriuwen oer keunstskilders, dy ’t as mislearre beskôge wurde kinne. Wat Teo makket is sa gek noch net en om ’t hja Teo foar Sint oansjocht, komt der in posityf artikel oer him yn ‘e krante. It aparte is dat Sint, Teo dus, syn skilderwurk sittendewei op bêd docht.
It tafal wol dan ek noch, dat Teo syn dochter Lyske graach model stean wol en by har heit telâne komt op it atelier. Fansels wurde de misferstannen, dy ’t der geandewei it stik ûntstien binne, stadichwei oplost en oan ‘e ein fersizze Teo en in bêste klant harren oanelkoar en datselde dogge Sint en Lyske. Net allinne dat Sint de kreaze dochter fan Teo sines neame mei, hy wurdt ek de kompanjon fan syn skoanheit.

Snie yn augustus

José Brinksma is by in oanriding dea rekke. Wie it in ûngelok of sit der mear achter? De plysje moat it útsykje en it docht al gau bliken dat it om drugs giet. Dat is dan de “snie yn augustus”. Hokker rol spylje de freon Timen en de suster Jikke fan José? En Mariska, dy ’t ferslave is oan drugs? Ek mei Bouma, de sjef fan Jikke, wit de plysje net goed rie. Dochs bringe hja de saak ta in goed ein.
In spannend stik.

Snipperdei

Hindrik, dy ’t sjauffeur is by de Frico, hat op in moarn gjin nocht om oan ’t wurk te gean. Gryt, syn frou, prottelet wat op him om mar stekt dan dochs allinne ôf, ek nei har wurk by de Frico. Hindrik makket him klear op in noflike dei fan omstipjen yn eigen hûs, as der in tillefoantsje komt fan in skarreltsje út it ferline, dat delkomme wol en hja meitsje in ôfspraak foar dyselde middeis. Dan komt der in beropskollektant oan ‘e doar, dy ’t himsels der ynnoeget en dy’t al mar frjemder wurdt yn syn hâlden en dragen. Buorfrou komt der ynfleanen om help te sykje tsjin har man, dy ’t har slein hat. Hja besiket Hindrik op ‘e lije side oan te kommen, mar leit it, yn stadichoan absurdistyske wurdscènes, yn de keuken, mei de kollektant oan. Middeis komt Hendrina, neffens ôfspraak. It is har jierdei en se wol dy jierdei mei âlde kunde wat ynhâld jaan. Al lient se in ryksdaalder fan Hindrik om in pear taartsjes te keapjen en al hinget Hinderik ûnderwilens slingers op, it slagget harren net om de eardere sfear fan it thúsbringen wer op te roppen. Mei ferwiten oer en wer geane hja út elkoar.
De skriuwer hat alle koarte scènes út de chronologyske folchoarder helle en trochelkoar brûkt sa dat dêr in frjemde sfear fan út gean kin. It is lykwols ek mooglik om wòl de chronologyske folchoarder oan te hâlden.

Yn ‘e flecht

Twa froulju, Liz en Sam, witte op fernimstige wize grut-kapitalisten gâns jild ôf te troggeljen. Hja fleane de haadstêden fan de wrâld bylâns en reizgje fan it iene Hilton-hotel nei it oare. Sa moetsje hja ek Charley, dy ’t him foardocht as in jildman, mar harren oplichterspraktiken troch hat en…. mei harren meidwaan wol. Dat liket te slagjen, mar it betrouwen ûntbrekt. Nei ferrin fan tiid wolle hja him wol slite, hja litte him yn Istanbûl efter, wylst er yn ‘e baaikûp sit. Hja nimme al syn klean mei en dogge de doar fan syn keamer op it slot. Dêrnei binne hja noch net fan him ôf, want as hja letter yn Tokio operearje, dan dûkt hy dêr op mei in pear helpen, om de beide “dames” der foargoed ôf te riden.
Sa ’t hja dêr meiinoar oan ’t striden binne, komt de rike Japanner, der ’t hja in ôfspraak mei hiene, oan ‘e doar. Hy strûst der yn en komt harren oer it mad; Charley sjocht gjin kâns mear om út it sicht te kommen en docht him foar as in robot. Dêr hat de Japanske sakeman gâns in kaptaal foar oer.

As de keallen op it iis dûnsje

Gerard Groen besteget syn frije tiid oan it besjen fan ‘e stjerren. Benammen it stjerrebyld Lyra, dat seit him wat. Op in jûn, as der in moannefertsjustering ferwachte wurdt, jout hy him der sa yn, dat er de libbene Lyra as in prachtich jongfaam by him de keamer ynkommen sjocht. Hja seit dat hy har roppen hat en dat hja him helpe wol syn problemen op te lossen. Sa wol hja helpe om syn ferkearing mei Andrea troch middel fan in leafdesdrank op it goede spoar te setten. Mar dat rint út ‘e hân. Want behalve Andrea reitsje ek oaren, dy ’t dêr thús hearre of dêr komme, ûnder ynfloed fan dy drank. Dat binnen syn keamermaat Fred en dy syn faam Selena, Roas, in buorfamke, en Gab, de monteur fan it G.E.B. Gerard syn mem bliuwt der frij fan, dat dy kin gewoan mei Lyra prate. As de betsjoening, troch yn ‘e hannen te klappen, ophâldt, is it smoarfereale-wêzen oer en giet elk wer gewoan syn wegen. Sagau hawwe Gerard en Andrea, frou Groen de doar net útlitten, of hja falle mekoar om ‘e hals en wurde it iens.
Lyra besjocht noch efkes it resultaat fan har wurk en reizget dan tefreden ôf nei it plak, dêr ’t hja weikommen is en thús heart.

As it bloed mar blau is

It stik spilet yn de wenning fan de gemeentesiktaris, dêr ’t fanwege in ferbouwing fan it gemeentehûs tydlik de gemeente-siktary ûnderbrocht is. Dizze rompslomp is tige tsjin ’t sin fan ‘e siktaris syn frou Helga, omdat harren dochter in pear wike mei fakânsje thúskomme sil. Dit thúskommen hat foar har oanlieding west om in fier famyljelid fan har manne’kant út te noegjen (in echte baron) en mei him in mennich freonen en goekunde. As ’t in bytsje slagje wol, moat Sytske oan in man mei blau bloed keppele wurde, want mem hat it moai heech yn ’t krop. Sytske heart by har thúskommen raar op fan mem har plannen en se wit har ek mar min oan te passen by de tydlike bestimming fan har thús, mei in grut ferskaat oan foar har ûnbekende figuren. Foaral troch de komst-op-útnoeging fan Lidwine Spek en har dochter Frânske, hat him al hiel wat ôfspile, ear ’t de baron op ’t aljemint komt.
Wat der dêrnei allegeare oan ûnfersjoene dingen folget, is yn koart bestek net wer te jaan, mar de ein komt mei in lokkige tiding fan Sytske, hân yn hân mei……..?

De bal is rûn

De fuotbalklub “Swart-Wyt” hat, bûten eigen fermidden om, in nije foarsitter beneamd. Dizze tinkt oer gâns dingen oars as dat men yn ‘e fuotbalwrâld wend is. Dat docht fuort al bliken as ien fan de bêste spilers de auto fan de foarsitter efkes “lient” en him tsjin in lantearnepeal stilhâlde lit. De foarsitter, poerrazen, behellet de plysje der yn en dan wiist it mâl: de bêste spiler opsluten en in belangrike wedstriid op hannen! Hoe no? Nei in bulte iggewearjen slagget it bestjoer der yn him fòàr de wedstriid frij te krijen.
Ut de kantine wei, dêr ’t twa froulju it behear oer hawwe, wurdt it ferrin fan ‘e wedstriid dúdlik makke.

De fysisy

Dokter Mathilde van Zahnd is, troch har rike foarâlden, yn steat partikulier in ynrjochting te driuwen foar rike, yntelliginte geastessiken. Dêr binne trije fysisy by. Fan harren docht de iene him foar as Newton, de oare as Einstein, wylst de tredde úthâldt, dat kening Salomo oan him ferskynt. Neidat alle trije in ferpleechster fermoarde hawwe, wurde der sterke, manlike krêften ynset, komme der traljes foar de finsters en wurde de doarren skoattele.
Alles tsjut der op, dat de skriuwer de konsekwinsjes sjen litte wol fan in wittenskiplike ûntjouwing, dy ’t de minske boppe de holle groeie kin en yn prinsipe de mooglikheid yn him hat, fan it folsleine ferneatigjen fan it minskdom.

De parse

Yn in tichthús hat in froulike sipier it tafersjoch oer twa ôfdielingen: in manlju’s ôfdieling, dêr ’t Jan en Sake in feilich plakje njonken elkoar hawwe en in froulju’s ôfdieling, dêr ’t Aagje en Lysbet fêstsitte. Mei moaie praatsjes wit Aagje by de sipier hiel wat te berikken, it slagget har sels om de kaaien fan harren “apparteminten” te krijen en kontakt te sykjen mei niisneamde manlju.
Hja stelle mei harren fjouweren in plan op, om de frijheid werom te krijen. De froulju witte it personiel fan it tichthús der fan te oertsjûgjen dat hja dy beide manlju allang koene, mear noch, hja hiene sels al trouplannen. Dy plannen wolle hja no trochsette en wrichtich, hja krije it personiel op harren hân.
As de trouwerij achter de rêch is, moat dat fansels bedronken wurde.
Aagje sjocht kâns om yn it frisdrinken fan it personiel en de plysje sterke drank te dwaan, sadat, fansels bûten de fjouwer smychten, elkenien dronken wurdt. No kinne hja de frijheid yn ‘e mjitte.
Dan ynienen, begjinne flitsljochten it tichthús yn ’t ljocht te setten.
Hoe sil dit beteare?

Gouden dagen

Jan en Maaike, beide om ‘e 40 jier hinne, binne op ’t stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden.
Sadwaande begjint it stik op it stuit dat Jan him (mei de kanarje) foar fjouwer wike nei wenjen set op in oanklaaid flatsje yn ‘e stêd.
Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is noch kwalik hússittende of de neiste buorlju rinne him de drompel al plat om yn ‘e kunde te kommen en him mei allerhande saken lêstich te fallen.
Lokkich bellet der in freon op, dy ’t him in wykein mei ha wol te fiskjen.
De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan syn flat datselde wykein te ferhieren oan in befreone steltsje. Wat der him yn sa ’n sitewaasje ôfspilet kin men fan tinken wol ha, foaral as men wit dat Jan syn Maaike de helte fan dat steltsje útmakket en Jan om ’t strieminne waar sonder euvelmoed “thús” komt.
De ein lit him wol riede: der moatte gâns ohedens sljochte wurde om alles yn ’t fatsoenlike út ‘e doeken te dwaan.

Hands up

Meinte Meintema, dy ’t al in skoft wurkleas is, sjocht syn húshâlding stadichwei nei de bedelte sakjen. Hja kinne net mear fakânsje hâlde, harren auto moat ferkocht wurde en de soan kin syn stúdzje net ôfmeitsje. De galle rint him oer as er by de bank gjin jild opnimme kin, omdat er yn ’t read stiet. Hy docht sabeare oft er in oerfaller is. Hy sprekt omraken op en lit twa bankminsken en in klant mei de hannen omheech stean. Mar it pakt raar út foar Meinte; se ha by de bank kâns sjoen om op ‘e alarmskille te drukken.
Boargemaster en plysje ûnderskatte de saak net en skeakelje leger en M.E. yn. Der wurdt hannele, as hiene se mei de slimste terrorist te krijen, wylst it winliken om in simpele grap giet.

It konsert

Gustav Heink, in pianist, seit tsjin syn learlingen, dat er ûnferwachts fuort moat, omdat er in konsert jaan sil. Syn frou Mary makket er wiis, dat er oan rêst ta is en in pear dagen bei harren simmerferbliuw ta wol. Alle froulju binne sljocht mei Gustav en ien fan syn learlingen fertrout dit “útsje” net, temear, om ’t in oare learlinge, frou Jura, ek in pear dagen fuort is. Hja stjoert oan mynhear Jura in tillegram mei it berjocht, dat syn frou mei Gustav op stap is.
Mynhear Jura, yn de ferûnderstelling dat de frou fan Gustav him it tillegram stjoerd hat, giet nei har ta en fertelt har syn opfettingen oer trou en ûntrou yn leafdesrelaasjes en stelt har út, tegearre nei it simmerferbliuw te riden. Dêr treffe hja Gustav en frou Jura. Mary, dy ’t tige fan har man hâldt, slagget it mei gâns omwegen de pearen wer yn de âlde foegen te krijen.
Mar hoe maklik as in man him út balâns bringe lit docht bliken, as oan ‘e ein fan it stik in learlinge by Gustav nochris alles op alles set.