Karel ende Elegast
Sjoch foar in beskriuwing:
SCHOTANUS, Jan, ‘Karel ende Elegast’.
Sjoch foar in beskriuwing:
SCHOTANUS, Jan, ‘Karel ende Elegast’.
Symbolysk drama oer in pear minsken yn in keamer, dy’t fan bûtenôf bedrige wurde troch in ûnbekend gefaar. It stik giet oer de eangst foar de dea.
Bewurking fan de trageedzje fan Sophokles. Philoktetes is in Grykse strider dy’t troch syn maten (op wei nei Troje) stiekum op in eilân efter litten is om’t er sa ôfgryslik stjonkt, nei dat er troch in slang biten wie.
De oare Gryke gongen troch nei Troje, mar ek nei jierren fjochtsjen slagget it harren net om de stêd yn te nimmen. No ha se fan de goaden heard dat Philoktetes mei syn ferneamde pylk en bôge de iennichste is dy’t harren helpe kin. De slûchslimme Odysseus en de jonge, earlike Neoptolemos geane werom nei it eilân. As praten net slagget – want Philoktetes is noch altiten poer om wat syn maten him oandien hawwe – wurdt er fongen mei in list – tsjin it sin lykwols fan de jonge Neoptolemos.
Hartoch Orsino hat it knap te pakken. Hy is fereale op de rike en moaie Olivia dy’t neat fan him witte wol. Sy seit dat sy sân jier lang de neitins oan har ferstoarne heit libben hâlde wol, mar eins hâldt se gewoan net fan Orsino. Cesario, de nije feint fan Cesario mei Olivia de leafdesboadskippen fan de hartoch oerbringe. Olivia is gek op Cesario. Cesario hat ien probleem: hy hjit eins Viola, in ferklaaide jonkfrou en sels tige fereale op Orsino. De poppen binne hielendal oan it dûnsjen as Viola’s broer, Sebastiaan, yn deselde stêd oankomt. De as man ferklaaide Viola en har twillingbroer lykje as twa drippen wetter op inoar en it iene misbegryp folget op it oare.
It ferhaal fan Karel de Grutte, dy’t yn’e nacht oant trije kear ta fan in ingel de opdracht kriget dat er stelle moat. Hy moetet syn eardere freon en fazal Elegast, dy’t er – beskuldige fan ferrie – fan it hôf ferballe hat. Elegast hat neat yn’e rekken en se geane tegearre op rôf út. It stellen giet Karel net botte handich ôf, mar dochs wurdt er yn dy nacht gewaar dat net Elegast, mar syn eigen sweager Eggeric de ferrieder is, dy’t him nei’t libben stiet.
Georges en Marie binne troud en we sjogge harren yn harren deistige libben. Georges is krekt mei de VUT en timmert no wat yn syn hok om, Marie docht it hûshâlden. Se prate in soad byinoar lâns en hawwe it in soad oer de tiid. Se wenje bûtenút, Marie is dêr net bliid mei, de bern komme hast noait mear del. It binne twa minsken yn it lêst fan harren dagen. Wat moatte jo noch dwaan? Wêr moatte jo it noch oer hawwe? Georges fersûpt him yn syn wurk om hjir mar net oan te tinken. Marie wol graach leuke dingen dwaan no’t Georges der einlik tiid foar hat. Dan ferstjert Marie.
Siger hat in hele moaie knyn en dy wol er aanst op’e merk foar in grouwe priis oan’e man bringe. As er de kiste mei it bistke efkes yn’e herberge stean hat, komme der trije feekeaplju yn dy’t stik foar stik beweare dat it net in knyn is, mar in kat. Op’t lêst ha se Siger sa fier dat er it leaut en ien fan’e mannen keapet it bist foar in ryksdaalder. As de keaplju de doar út binne, nimt in mynhear mei in wonderlike kleurige pet op – dy’t him Pinteparlo neamt – de jonge geweken: hy hat him te fiter nimme litten, mar P. sil it de mannen wol betelle sette mei help fan syn toverpet. Dat slagget merakels bêst, want de mannen binne sa ûnder de yndruk, dat se litte har yn’e pet lûke en mar leafst foar tûzen gûne, dêr’t Siger fansels woltemoede mei ôfset.
It stikje spilet yn de midsieuwen. Der wurdt in antyk skilderij stellen troch dieven, dy’t har foardogge as de kening en de keningin. Tafallich is de echte kening “incognito” op it kastiel: hy hat him dêr ferhierd as wapensmid. Fansels rint it goed ôf, de dieven wurde pakt. De oplossing fan de stellerij is aardich fûn. De spanning bliuwt der oan it lêst ta yn. Dat it stikje yn de midsieuwen spilet is allinne mar oan de lokaasje te sjen. It jout miskien gelegenheid, om wat aardichs mei klean en toanieloanklaaiing te dwaan.
It nei-oarlochske ferske “Mariandel” rint as in muzikale reade tried troch dit stik, dat him ôfspilet yn Gaasterlân. Dêr hâldt Mariandel mei har oerwûne dochter in pensjon-buorkerij, mar de saken geane net bêst: der komme te min gasten om de boel goed draaiende te hâlden en sadwaande is der ek gjin jild om it hûs te modernisearjen. De measte gasten geane nei it nije hotel fan wethâlder Leffertsma, in machtich man yn it doarp, dy’t mient dat mei jild alles te keap is.
Hy wol graach mei Mariandel trouwe en biedt har oan om in nij hotel te bouwen foar har dochter (ek in Mariandel) en de feint Hindrik, as se “ja” seit. Mariandel hâldt dat oanbod yn berie, mar de jongelju wolle neat witte fan Leffertsma syn hantsjebakken; mem hâldt ommers net fan de wethâlder en sy sille harsels wol rêde, want mei help fan buorman Piersma wolle se harren talizze op it buorkjen.
Midden yn alle alteraasje komme der ek noch gasten: in bline man mei syn húshâldster; hy woe perfoarst nei dit doarp ta omdat er dêr tweintich jier lyn in hiele moaie simmer belibbe hie mei in leaf famke; syn húshâldster fynt it allegearre lang net deftich genôch en se gong allinne mei, omt se allang hopet dat se mei har wurkjouwer trouwe kin. Mar as dy de jonge Mariandel it bekinde ferske sjongen heard – dêr’t er sels yn it ferline de fryske wurden foar makke – falle alle iensume jierren wei foar him en Mariandel en harren dochter. En as Leffertsma dan om antwurd komt, fynt er de húshâldster allinne yn’e keamer….
## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.
As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.
Hessel Smits sit sûnder wurk en docht alle war om wer oan’e slach te kommen. Hy skriuwt rûnom hinne, ûnder oaren nei in wat geheimsinnich postbusnûmer. De eigner fan dizze postbus, in Jaap Frankena, komt by him mei in frjemd útstel: Hessel kin fiifentweintichtûzen gûne fertsjinje as er him, Frankena, fermoardet! De man hat it neffens syn sizzen slim oan’t hert en hat net lang mear te libjen. As er no fermoarde wurdt, sil syn frou dûbeld jild barre as syn libbensfersekering útbetelle wurdt en dêr wol er har mei gerive.
Dat liket Hessel fansels nearne nei en Frankena set ôf sûnder wat bedijd te hawwen. As dan letter bliken docht, dat de man echtfermoarde is én dat Hessel deselde jûns om dy tiid noch by him oan hûs west hat, wiist it mâl. Hessel docht alle war om syn ûnskuld te bewizen. De plysje moat in handichheidsje brûke om de wiere moardner te ûntmaskerjen.
It giet kroechbaas Bauke Haringsma net foar de wyn. De saak hat net in soad oanrin en de pensjongasten dy’t er hat, wurdt er net ryk fan. De bank easket op koarte termyn fiiftûzen gûne, oars strûpt er der ûnder. Syn suster Aafke soe helpe kinne, mar dat is in grutte nepert. Ek fan syn sweager Hindrikus hoecht Bauke neat te ferwachtsjen, want dat is in sokses dy’t folslein ûnder it plak fan Aafke sit. Syn broer Bill, dy’t út Amerika weromkomt, hat it dêr, sa’t liket, net makke.
Dochs komt alles oan’e ein op syn poatsjes telâne. Yn in fleurige klucht lykas dizze kin dat ek net oars.
Westra en syn frou binne wat opelkoar útsjoen en beslúte dêrom om in skoft by elkoar wei te gean; Westra sil nei omke Durk yn Austraalje útfanhûs. Krekt as er ôfset, komt der in telegram fan omke dat dy ûnderweis is nei Fryslân. Hy sil syn kaptaal, dat er dêr yn’e fierte fertsjinne hat, ûnder syn famyljeleden ferpartsje. Dy famyljeleden binne in broer en in suster fan him en Westra, syn omkesizzer.
Frou Westra wol har it jild net graach ûntkomme litte, en freget in leadjitter, dy’t aardich op har man liket, dy syn plak yn te nimmen. Op in dei is der dan in famyljebyienkomst en omke Durk wurdt dêr troch de iene noch mear paaid as troch de oare. Mar wat sjocht elk raar op as der in man oan’e doar komt dy’t seit dat er Westra is en dat er de fleanmasjine nei Austraalje mist hat. Elk freget him ôf wa’t no de echte Westra is. Sels frou Westra wit it net en ek de frou fan de leadjitter sjocht net wa’t har eigen man is. It komt derop del dat it nochal eefkes duorret foardat frou Westra troch hat, dat der in frjemde man by har oer de flier is en dat har eigen man by de leadjittersfrou húsmannet.
Oan’e ein docht bliken dat in goede toanielploech ta grutte prestaasjes komme kin.
David Warren, in jongfeint fan om en de by de tweintich jier, wennet mei in butler yn in lúks appartemint yn it djoere part fan Londen. Hy is ferloofd mei in famke út in rike famylje, mar is sels ôfhinkelik fan in rike omke.
Op in nacht betrapet er in ynbrekster, dy’t him wit oer te heljen har net oan te jaan by de plysje. De deis dêrop komt der in resersjeur om ynljochtingen, omdat der dy nacht op trije plakken yn’e flat ynbrutsen is en der gâns kostbere sieraden stellen binne. Dat stellen guod jout fansels de nedige problemen. De ynbrekster makket lykwols safolle yndruk op David, dat er mei twa fuotten yn ien hoas komt te sitten. Hy is ommers fersein oan in oar.
Dit probleem lost him hast fansels op, as de ferloofde de wiiste wei kiest en frij paad makket foar de oare.
Rudmer Wiersma seit tsjin syn frou dat de saken finansjeel min geane en se net fakânsje hâlde kinne. Dat is foar frou Minke oanlieding om pensjongasten te nimmen om sadwaande fakânsjejild binnen te krijen.
Jorrit Hettinga, in freon fan de Wiersma’s, hat ûnderweis nei harren ta in liftster meinommen en dy wysmakke dat hy fabrikant Wiersma is. Dy liftster is fansels ien fan de pensjongasten. As Jorrit har dêr oankommen sjocht, besiket er it uterste om Rudmer en Minke mei te krijen om him foar Rudmer trochgean te litten.
Hy rêdt it op, mar dan komme de problemen. Wêr moat Jorrit sliepe en hoe moat Rudmer him hâlde en drage foar de gasten oer?
In blijspul mei persoansferwikselingen en misferstannen, dêr’t Rudmer syn broer Tsjerk, tsjinstfaam Boukje en pensjongaste Nynke ek net swak yn byspylje.
Dizze libbensskets fan twa pearen spilet him ôf yn it hûs fan George en Martha. Hy is dosint skiednis en sy is de dochter fan de rektor magnifikus fan de universiteit.
Se ha in nije kollega en syn frou útnoege foar in drankje, nei ôfrin fan in feestje by Martha har heit. It jonge pear tsjinnet as klankboerd en maklike proai foar de frustraasjes en lusten fan George en Martha. Misledigingen en stekken ûnder wetter bliuwe net lang ûnskuldich en feroarje al gau yn flymskerpe oanfallen.
George, impotint yn syn berop en faaks ek wol op bêd, leit syn potinsje yn formulearringen, wêrmei ’t er Honey en Nick harren leagens wit te ûntmaskerjen en Martha har illúzjes wit ôf te brekken.
George en Martha spylje it spul omwille fan it spul. Ek yn de gaos fan harren houlikslibben hâlde se harren oan fêststelde spulrigels. Dejinge dy’t him dêr net oan hâldt, wurdt straft. Martha wit de oanfallen goed ôf te slaan, op ien nei…..
Willem Brander is in frijfeint, dy’t in doarpshoteltsje driuwt. Hy hat as gasten: in keunstskilder en in kreaze jongfaam.
As it stik begjint komme der as gasten oan: heit, mem en dochter Pfaff, trije tige aparte typen. Justjes letter komt der yn panyk in jongfeint ynstowen, dy’t seit dat er troch in frommes achternei sitten wurdt. Brander biedt him oan by him ûnder te dûken en foar de wissichheid syn uterlik sa te feroarjen dat er op in omkesizzer fan him liket.
Men kriget mei persoansferwikseling te meitsjen en dêrtroch barre safolle wederwaardichheden dat it suver hast net beskreaun wurde kin.
Oft alles komt sa as men ferwachtsje mei? Dy fraach hâldt oan’e ein ta de spanning fêst.
Feedokter Olivier Dekema hat soargen: hy hat in ûngemak hân en heukert yn in rolstoel om, it bûtert net tusken him en syn frou, de nammebuordsjes by de daaljes ferdwine al mar wer… it gokken by de draverijen kostet mear as dat it opbringt. Hy en suster Hanneke, dy’t dei en nacht by harren yn’e hûs is om him te fersoargjen, meie elkoar mear as sljochtweihinne lije en Olivier is fan doel om him fan syn frou skiede te litten, sadat se tegearre de lapen gear smite kinne. It noasket him dan ek och sa dat syn frou in pear dagen fuort sil. As syn frou werom komt om’t se har tas fergetten hat, wol Hanneke net langer wachtsje en stelt út har te fermoardzjen. Stadichoan kriget se Olivier sa fier dat er meidwaan sil. Krekt as Henneke syn frou delsjitten hat, wurdt der oan’e doar skille. Hastich wurdt it lyk fan syn frou dan yn in tekkenkiste treaun. In omke fan syn frou wol graach in nacht útfanhûzje om’t er maleur mei de auto hat en Olivier giet in minne nacht yn.
Oare moarns kin er net yn’t foar komme dat omke yn’e kiste sjocht, mar…. dy is leech.
Suster Hanneke docht och sa frjemd en seit dat se Marijke hjit. Sy moat neat fan Olivier ha en is wakkere aardich foar omke. Sy giet sels mei him te kuierjen nei in pleats dêr’t krekt in rôfmoard west hat. Olivier kriget noch grutter klap as syn frou nei hûs skillet en letter ek thús komt. Hy skillet syn gokmaat Freddy, mar as dy der is begjint Hanneke dêr mei te flirten. Olivier wurdt sawat breinroer en de aap komt út’e mouwe: Omke is resersjeur en Hanneke is ek by de plysje. Sy hat dizze komeedzje op tou set om Olivier út lykwicht te bringen en om him bekenne te litten dat er wol rinne kin. Hy hat de lêste wiken in pear rôfoerfallen mei Freddy dien, de lêste sels mei moard.
Fusearje! Dit liket Boonstra, eigener fan in foeraazjebedriuw wol sa folle as fleanen. Alhoewol’t syn mem der al faker as ien kear op oanstien hat om mei de Brún yn see te gean, wol er de kop der foar hâlde. De Brún, hy kin it neamen fan dy namme amper ferneare. Mar hoe’t er ek skript, bystien troch syn dochter Betty, it bedriuw komt yn’e reade sifers. De bank wol gjin kredyt mear jaan, der moat rie skaft wurde. Syn frou, in wyt hynderke dat in protte struien nedich hat, hat nergens euvelmoed yn.
Dan docht syn boekhâlder him it útstel om in liening by him ôf te sluten, mar dy hat fiergeande konsekwintsjes. Der sit neat oars op foar Boonstra dan ta te slaan. Etlike boeren binne al ûnder it net fan de konkurrint beflapt. As der in fertsjintwurdiger komt dy’t foar in skaplike priis leverje kin, tinkt er dat er de slach noch winne kin.
In pear dagen letter komt de aap út’e mouwe. De fertsjintwurdiger is de soan fan de Brún en hat it oanlein met dochter Betty. Boonstra is opsternaat, mar by eintsjebeslút moat er troch de bocht. It hie lykwols minder beteare kind, it bliuwt in famyljebedriuw: ek syn mem en de Brún smite de lapen gear.
## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.
As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.
Afke Bottema, in famke fan 17 jier, hat gauris in oar feintsje. It liket earst allegear wakker, mar dan ruilet se him ek sa mar foar in oarenien yn. Op’t stuit hat se ien oan’e hân dêr’t se alhiel oerémis fan is, want Menno is hiel wat oars as oars, sa’t liket. Dat wurdt se gewaar as bliken docht, dat er minsken ûnder hypnoaze bringe kin.
It stik spilet yn de krûdesaak fan de Bottema’s en sadwaande krije wy ek te meitsjen mei in pear “pasjinten” dy’t de krûden net goed bekommen binne. Guon krije reade plakken om’e holle en in frou hat der samar in snor fan krigen om fan de sturt, dy har man fan’e salve krigen hat, mar net te praten. De saak fan’e Bottema’s rint oars goed, de frou docht de winkel en de boekhâlding en de man mei syn broer brouwe de krûden. Sy wolle de saak noch útwreidzje troch gear te wurken mei Hinke, in frou dy’t oan’e eagen fan’e minsken sjen kin wat harren mankearret en dan kin Bottema foar de kwalen syn krûden leverje.
Sa fertoane Menno en Hinke harren keunsten en leverje tsjininoar ek noch in kampslach dat it sta seit….
Dizze klucht, oer alle boegen, is en hjit “In nuver spul”.
Wylst de wolstelde famylje Birling it ferlovingsfeest fiert fan harren dochter, tsjinnet him in plysjeynspekteur oan, dy’t driuwend belet freget. Ynspekteur Goole fertelt harren, dat in jongfaam harsels tekoart dien hat en dat hy fan harren graach wat ynformaasje ha wol. Mei fyn ynleine fragen slagget it de plysjeman elk fan de fiif oanwêzige famyljeleden in feit bekenne te litten, dat in lyts part betsjutte kin fan de oanlieding ta dy selsmoard. Mei de kniper op’e skine fiele alle fiif harren lytsman, hoewol elk de folsleine skuld ôfwiist. As de ynspekteur de doar út is, komt ien fan harren mei de fraach oft it wol in echte plysjeman west hat. Nei ynformaasje docht bliken dat Goole op it plysjeburo net bekend is en dat er ek gjin fermoarde jonge frou by it sikehûs binnen brocht is…
Birling, syn frou en de ferloofde fan harren dochter wolle no de saak mar ferjitte en op’e âlde foet fierder farre. De dochter en de soan kinne dat net en komme ta ynkear. Dan komt der in telefoantsje fan it plysjeburo mei it fersyk om in ûnderhâld mei de famylje yn ferbân mei in selsmoard fan in jonge frou…