Brulloft

In selskip oan it brulloftsmiel: wat yn it begjin in goed boargerlike brulloft liket, wurdt yn’e rin fan it stik in mislearre feest. De heit fan’e breid fertelt fierst lange ferhalen, it selsmakke húsrie blykt net te hâlden, de freon fan’e brêgeman sjongt in goar liet en de breid blykt yn ferwachting te wêzen. As de gasten fuort binne skammet it breidspear har, mar úteinlik binne se dochs lokkich meielkoar en kin it harren net mear skele oft it bêd wilens de houliksnacht ek ynsakket.

As de lytse poppe komt

Olympe is midden fjirtich en hat twa folwoeksen bern. No hat dokter har sein dat se op’e nij swier is. Sy fynt it freeslik, want wat sil heit wol net sizze. Annie, har âldste, is der al hielendal net bliid mei. Sy sil meikoarten trouwen en de komst fan de poppe fan har mem soe om en de by de datum fan har houlik lizze. Mar George, de jongste, fynt it net sa slim. Hy moat syn heit en mem namentlik fertelle dat er sûnt in healjier in ferhâlding hat mei heit syn sekretaresse Natascha en dy hat George sa niis witte litten dat se swier is… ! Fansels sil heit tsjin syn soan sizze dat er oppasse moaten hie, mar no kin George him ek wat ûnder de noas hâlde. Georges suske Annie kin der net om laitsje: in ferhâlding mei it persoaniel, soks dogge jo net en har eptige oansteande skoanfamylje sil hjir net bliid mei wêze.
As Olympe it nijs oan har man fertelt is er bepaald net út’e skroeven. Hy wol dat se in oare dokter om in oardiel freget.
Dy jûn komt pake te iten, mar oer de problemen wurdt net mei in wurd praat. Opa seit dat er syn jild oan syn pakesizzers neilitte wol om’t syn bern it net nedich hawwe. Dit jout wol wat mooglikheden…
Heit komt der efter dat Natasha as skoandochter faaks net sa’n minne kar is. Njonkenlytsen liket it krijen fan bern in goarre te wêzen: Annie fertoant ek al fertochte ferskynsels. De houliksdatum moat dus nei foaren skowd wurde. En ek tsjinstfaam Thérèse hat in meidieling… De grutste ferassing komt lykwols fan heit sels, dy’t te meitsjen krijt mei it risseltaat fan in jeugdleafde.

Brulloft fan brave boargers

It stik giet oer minsken dy’t in húshâlding begjinne wolle en benammen oer de idealistyske ideëen dy’t se dêrby hawwe. Alles rint like bryk troch it skynhillige gedrach fan de minsken. Sa op it each hâldt elk him oan ‘e regels, mar ûnder it oerflak broeie de lusten en ûnlusten; oergeunst en ûndergrûnske gefoelens fan haat dogge ûnderstek oan de respektfolle omgongsfoarmen meiïnoar. Sa stoart alles yn inoar. De idealen en ek it meubilêr, dat troch de brêgeman sels makke is, sakje beide ta hilariteit fan de gasten stadichoan yninoar. Dizze groteske wrâld fan Brecht, mei syn bitterheid en syn fertier, genot en fertedering, sin en tsjinsin, jout in helder byld op it begrutlike heapke minske; fjochtsjend foar syn bestean fol mei eangsten en winsken.

It geheim fan Hústernoard

De administrateur seit tsjin de direkteur fan Hústernoard dat it sa net goed komt mei it fabryk. Se komme yn de reade sifers en ha skulden. Professor Witwat moat in nije útfining dwaan. Der komme in pear bûtelânners op besite dy wolle besykje de útfining fan de professor te stellen. De ferslachjower fan Omrop Fryslân komt op de meast ûngelegen mominten. Uteinliks ha de tsiismakkers de útfining fan de professor al brûkt sûnder dat de dirtekteur it wist. Der wurdt in priis mei dizze tsiis wûn, in gouden tsiismes en hûnderttûzen gûne. It fabryk is rêden.

It grouwe pak

Nei in ferhaal fan Joast Halbertsma.
Jonker Liauckama giet op reis en seit tsjin syn persoaniel dat se goed op it hûs passe moatte en gjin frjemden yn ‘e hûs helje moatte. Dan komt der in keapman mei in grut pak, dy’t op Liauckamastate útrêste wol. De keapman hat moardnersferhalen oer Liauckamastate en it wurdt raar waar.Hy mei lykwols net bliuwe mar syn grou pak mei er stean litte en moarn wer ophelje.
Dan sjocht Bauk dat it pak beweecht, Sikke sjit op it pak en út it pak komt in rare gjalp en der rint bloed oer de flier. As se it pak iepen dogge sit der in man(tsje) yn mei wapens en in fluitsje. Se warskôgje de boeren en hâlde de wacht want se tinke dat der rôvers komme sille. It duorret lang en dan blaast er ien op it fluitsje, der komt antwurd en de rôvers tinke dat se komme kinne. Se skrikke bot as der fuortendaliks op harren sketten wurdt en naaie út. As de jonker thúskomt is hy tige bliid dat der sa goed op it spul past is en beleannet syn minsken.

Professor Paxokay en de manlju fan Extra-4

It stik spilet him ôf yn it Paxokaygebiet, der wurdt striid levere tusken Baardelinie en Hennadoanie. Bûtenplanetige Extra-4-en komme op yn harren rûmteskip. Professor Paxokay hat skjin syn nocht fan it getsier en docht him foar as Extra-4-A, as Baardelinie en Hennadonie meielkoar tsjin de Extra-4-en stride sille makket de professor him bekend en dan wurdt dudlik dat der gjin rûzje mear makke wurde hoecht. De Extra-4-en kinne werom nei harren eigen planeet en de liedster fan Baardelinie en de lieder fan Hennadoanie krije ferkering. De flaggen komme op’e toer en der is gjin oarloch mear.

De geheimsinnige reis

“Harkje goed, dan sill’jim witte wat wy op’t programma ha. Wy woll’troch de romte sjitte hup, nei Mars of Pluto ta! Kilometers troch de loft as er no mar net ûntploft”.
Yn’e keamer fan in boufallich hûs hawwe twa jonges (mesjeu Pierre en Tsjipke) in romteskip boud. Se rinne der grutske omhinne en steane op it punt om yn te stappen. Der rint in famke yn’e hoeke fan’e keamer, stikem, de jonges fernimme har net, mei in fikse knal en in reekwolk komme se yn mearkelân. Troch it gedraai fan it famke binne de bern ferkeard en hiel lyts op in oar plak te lânwe kommen. Der belibje se allerhande avontûren.

In speurtocht op it Amelân

In stikmannich rôvers hawwe de fearboat nei’t Amelân bestellen en binne mei de bút yn’e dunen. Foar har haadman lizze se ûnder in beam in briefke del dat se de jûns op it Kninedún by elkoar komme sille.
Efkes letter komme op itselde plak fjouwer bern, dy’t in speurtocht útsette. Se lizze briefkes mei opdrachten del. Letter komme de oare bern mei master; dy fine it earste briefke en beslúte om nei it Kninedún te gean. De haadman fan’e rôvers kriget dat yn’e rekken en is fan doel harren de jûns te betsjoenen mei in toverljocht. Ien fan’e tochtútsetters, Bertus, dy’t efterbleaun wie, hat alles ôfharke en komt letter as rêder yn’e need om syn klasse en master wekker te meitsjen. De rôvers wurde no op’e selde wize betsjoend en finzen set.

Van Klaveren wol wat oars

Doeke van Klaveren, âldfeint fan sa’n 65 jier, hat noch noait nei froulju taald, mar no’t syn lêste help, Klaske, troud is en hy wer ris oanklaud sit, liket er in oare wei ynslaan te wollen.
Syn omkesizzer, medysk studint, hat nammentlik ta syn grutte fernuvering in krante-advertinsje lêzen mei namme en tanamme, dêr’t in húshâldster yn frege wurdt, “met flink postuur, tot 30 jaar; huwelijk niet uitgesloten. Aanmelding dinsdagmiddag tussen 4 en 5 uur”.
Doeke junior sjucht it swurk driuwen: omke aanst oan ’t wiif en hy sil meiertiid nei de erfpoarsje fluitsje meie. Mei help fan trije stúdzje-maten, dy’t har as sollisitante oantsjinje, wit de omkesizzer it sa fier te krijen dat omke neat mear fan ‘e froulju ha moat en ta it beslút komt: ‘dan mar allinne!’